De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Tj.W.R. de Haan: Poezij. Stroffelt de sloffe swalkebroer Op nachtlik-swarte paden Mei oars neat yn syn lapekoer As ramp en ûngenaden, Dan treastget soms in leaf-lyts liet Fol seine en simmerwille, En efkes liket al it fortriet Forjage en forsille. It reint aloan, skril blaest de wyn, De wolkens driuwe tsjuster, Mar it liet struit sulveren moanneskyn, En hy wurdt it paed net bjuster. De Wetterman. Nei in Alddeenske ballade. ‘Hark, mem, nei it freegjen fan dyn soan: Hoe krij ik it fanke, sa kreas en sa skoan?’ Hja bout him in hynder út wetter klear, In wrinzgjend hynder, wyld fan gebear. Hja klaeit him yn blank, sêft glânzgjend satyn; Sa draeft er nei it tsjerkhôf, in ridder fyn, Syn hyns bynt er fêst oan 'e tsjerketoer, It hôf rint er trijeris om en oer. Dan tsjocht er starich nei tsjerke ta, Elts dêr woe in glimke fan him ha. [pagina 34] [p. 34] Men stie forbaldere, sa lyts as great, Fan syn rizich stal, syn godlike steat. De preester trille oer al syn lea; Sa'n prûze jonker seach er noch nea. En it kreaze fanke dat lake sa blij: O, wie dy blanke ridder fan mij! En oer de stuollen stapte hy gau; Och, fanke, jow my dyn wurd fan trou. It fanke beve, mar bleau doch stean; Hja joech him har hân en har herte ta lean, Doe teagen hja fuort en de minsken derby, Hja dounsen togearre sa fleurich, sa frij. Hja dounse mei him sa fier as it strân; Hja stiene allinnich dêr, hân yn hân. ‘Sjoch, leave breid, dit hynder nou; In nuver skipke haw ik foar jo.’ En doe't hja kamen op it wyt sân, Dêr kearden al de skippen nei it lân. En doe't hja kamen yn it bare hêf, Dêr foun de faem op de boaijem har grêf. Al stilder klonk, út it djipst fan 'e sé, Dat kreaze fanke har ach en wé. En dêrom, froulju, ik ried it mei klam: Pas op, pas op foar de Wetterman! [pagina 35] [p. 35] Swannesang. Och, himelstins, lit dy bilêze En ús dyn rju goekunden wêze. Mochten wy swalkje yn it grouwe tsjuster Fan dyn Geheim - gryslik tobrutsen Mei wjerljochtslach of stjerreskyn - En drinke fan Gods reade wyn. Mar it bliuwt forgees. De skiere roeken Spuije har spot fan toarre tûken; Skrousk laitsje se om it swiersettich pielen Fan warge harsens, sloppe sielen. - Fûgels en foksen hawwe har nêst, It minskene hert wit nearne rêst. ‘Jow dy mar del, it is slûch to tinken; Lit dy in goed glês bier ynskinke; Dounsje en dwael op klavergreiden; Gounzje, as in bij, troch simmerheiden; Sigeuner, kom, spylje dyn liet; Libje it Libben, dan hast gjin fortriet!’ Soks duorret net: om moarntiid hinne Sil eangstme en ûnk fannijs bigjinne. It mjelt en pleaget yn ús plasse Oan deadske himel, roeken dy't krasse. Koarthakke gniist - stroffelich-bang Hampel-strampelt ús swannesang'. Vorige Volgende