Mieningen út de Fryske Parse
FRYSK EN FRIJ: De Tsjerne is foar de ûntjowing fan ús literatuer tige wichtich. Troch earlike opbouwende kritiken kin dit treflike literaire moanneblêd in gunstige ynfloed ha op hwat der yn it Frysk skreaun wurdt en noch skreaun wurde sil. It kin der tige ta meihelpe dat jonge dichters en skriuwers har paed fine en ús folk it bêste jowe hwat se kinne.
LEEUWARDER COURANT: Fryslân, it Fryske Folk, en de Fryske biweging, hawwe frijhwat pretinsjes. Om mar inkelde to neamen: dat der in eigen Fryske tael is, dat der in Fryske kultuer bistiet, dat ús eigen wêzen yn ús literatuer nei foaren komt. Mar om dy pretinsjes in goede groun mei de feiten to jaen, moatte dy tael, kultuer en literatuer ek libje, dat is: har ûntjaen en biwege, sykje en stribje. En hoe kin dat yn ús tiden oars en better as yn de foarm fan in tydskift?
Dêrom is it tydskrift dat dy funksje yn Fryslân waernimt, De Tsjerne, ek ûnmisber, is it de waerboarch foar de wierheit fan niisneamde pretinsjes.
HEERENVEENSE KOERIER: De Tsjerne is it iennichste Fryske literaire tydskrift. En literatuer is en bliuwf de krêftichste faktor yn de striid om lykbirjochtiging. Ik wit wol, dat op it politike en soasiael-ekonomyske mêd troch goede aksje gâns biskript wurde kin; mar it oansjen en dêrtroch ek de krêft fan Fryslân wurde dochs fierhinne biskaet troch hwat de letterkunde opleveret. In goede roman, in goede fersebondel en binammen in goed toanielstik bringt Fryslân mear foarút en ûntwapenet mear tsjinstanners as de reedlikste petysje en it bêste rapport. ‘De Tsjerne’ skept in literair milieu, it earst nedige foar it ûntstean fan literatuer, en is dêrtroch ien fan ús greatste driuwkrêften.
HET VRIJE VOLK: Uit deze ‘Tsjerne’ komt van lijd tot tijd kostelijke boter, maar ook als die ontbreekt, gebeurt het karnen zo naarstig en élegant, dat het een lust is om te zien!