| |
| |
| |
D.H. Kiestra:
Fiif gedichten.
De lytse savoyaen.
Sa tippelstou troch de stêdden,
mei rêchsek, biezem en tou,
alwer in skoarstien birêdden:
‘Sels haw ik in ljedder, Mefrou!’
It giet fan de iene nei d' oare,
foar eltsenien stiestou klear,
hwat de boargers sels dogge noch doare
dat wachtet op dy, mynhear!
Dou witst fan wol tûzen adressen,
fan boazems heech, krom en nau,
fan rike en deune matressen,
dou kenst se, dou witst it gau.
Dou stiest ek as hear op 'e stoepe
mei dyn hege swartsiden hoed,
mar dyn wurk dien, litte hja slûpe
dy hwàt graech, sa gau sa goed.
Doch draechstou dy hoed mei eare,
mei 't wêze dat nimmen it seit,
fan dy kin doch eltsenien leare
réwillige tsjinstberheit.
| |
Rjochtfeardiging?
Hwat hjoeddeisk de Nornen twine,
by de stamme fan de Ygdrasil,
foar in bjustere tried oan de wrine
oer it greate folken-quadrille, -
en hoe 't hja de kleaunen ûntwine
fan de lytsen yn 't wrâldbistel,
fan koartsige dwylsin forbline; -
op dy wittenskip gleon en fel
| |
| |
sa stean' wy to langhalzjen, sline
fan de goadinnen, hwaens fine
licht oanropt oer folken en minsken
en oer de ûnskuldige bern;
en wy dy't ús lot wol forwinsken
sitte yn spanning it oan to sjen.
| |
Simmmerdei yn sundel.
Hja sloegen de sichte yn 't ripe koarn,
dy deis, 't wie sa waerm en blier;
in arbeidersman en de boer syn soan,
't wie 't foarste stik nôt dêr, dit jier.
Oan 'e kant fan 'e fuorge fan dat stik lân,
siet in famke, in strik yn it hier,
hwa't oars net as dat rea lintsje seach
tocht dat it in klaproas wier.
In stikhinne middei naem d' arbeidersman
it bern op 't skouder nei hûs,
mei har bûnt jurkje en de reade strik
bloeide it op, as in blom sa prûs,
En wist er it skalk oan syn wiif to jaen?
Hat er 't skean oer de side kypt?
dan is 't simmer as yn hâlden en dwaen
in man nei mear simmer jit grypt.
| |
Boerejounsang.
Aenst giet eltsien to rêst,
Strak wêz' húsmansfolk en fé,
| |
| |
Hwa't oerdei warber wier,
En goed foar minske en djier,
| |
De wyn.
Joh. 3:8.
Ut in syktme foar 't earst wer bûten:
en moedich om skonken en kûten,
Ut blauwe fierten fandinne,
sa flechtich en doch sa gol,
biselskippe dou fan de sinne,
Dou giest en dou komst wer harren,
wyn fan Fryslân, sa folle ik wol,
in ûnsichtber mar treflik barren,
Myn God, mocht Jins geast en amme
my allikens omrûzje, sa wol-
sillich en boppe alle namme
|
|