Kanttekeningen.
Twa balladen fan de forballing.
Jules Romains: Bertrand de Ganges, suivi de Nomentanus le réfugié. Paris, Flammarion.
Doe 't Jules Romains yn 1942 en 1943 dizze beide forhalen skreau, libbe er as balling yn Mexico. De libbens fan Nomentanus en Bertrand, beide yn exilium, jowe moai wis hwat fan syn eigen ûnderfining yn dy snuorje wer. Neffens de tiid fan ûntstean soe Nomentanus foaropgean moatte. Dy, in forneamd theoloog, wykt yn de IVe ieu foar de Goaten, fan it kleaster Tibur op dat fan Jabre út. De abt dêrre, Robertus, hat soarch, dat de libbenswize yn syn kleaster de as tige krekt forsprutsen Nomentanus min noaskje sil. Mar de man, dy't by him komt, is wurch en wol neat leaver as yn frede, sûnder de twang fan kleasterregels, libje. - Je voudrais être capable de manger et de boire pendant des heures après la nuit tombée...., seit Nomentanus de balling, dy't yn de frjemdte oars neat siket as rêst en syn wiet en syn droech.
Yn de XIIe ieu flechtet de troubadour Bertrand de Ganges fan syn kastiel yn 'e Languedoc en bidarret, nei in skoft omswalke to hawwen, op de boarch fan de dichter Pons de Chapteuil. Hy hat út de reboelje de p'erkaminten rêdden, dêr't syn foarfaers har bitinken oer har eigen tiid op werjown hawwe. Dizze ‘gedachte der tijden’ bliuwt de ieuwen troch wakker gelyk, it lêste perkamint is de kleare echo fan it earste, dêr't op to lêzn stie: - Nous venons de traverser une suite d'épreuves terribles, telles que nos prédécesseurs n'en avaient peut-être jamais souffert. Il est bien clair que cela ne peut pas durer. Heureux nos fils qui verront des temps meilleurs! Mei oare wurden: it moat wol better wurde, hwant slimmer kin it net.
Ek yn Bertrand libbet dit bitrouwen op oare tiden. Syn ballingskip wurdt draechlik makke en boppe it niveau fan it elementaire selsbihâld set, troch syn kunst en de freonskip dy't er ûnderfynt.
Twa balladen fan de forballing, fyn stilearre, mei melancholyk charme. Dizze forhalen litte in glimp sjen fan Jules Romains syn formogens. De toanielstikken Knock en Donogoo ken hast elke H.B.S.-jonge. Mar hwa hat him folge, de 27 dielen fan Les hommes de bonne volonté troch, fan de 6ste nei de 7de Oktober? Dit charmante boekje kin faeks in oantrún wêze om neijer mei him yn 'e kunde to kommen.