De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Rely Jorritsma: Nijmegen 1946 Helena, oer it wetter rounom 't wâld Doar ik yn ien fan al dy tsjustre beammen Dyn namme net mear siikje. 'k Haw ek to lang by dizze eker libbe, Myn each is wurch fan dêroer út to sjen, Ik sil dit jier gjin greate beane plantsje. Ik sil gjin boek fan Rudyard Kipling lêze, Fan Ka de Slang of Toemai fan de oaljefanten, Allinne op in berch, wer letter 't front.... Dyn lêste wurden wiene: ‘lês fan China’. Ik die 't, en yn de iensumst' ûre fan de dei Bin ik noch mei de roeken op de wei. Vorige Volgende