De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 96] [p. 96] Jurjen Sytsma: Hongerwinter O, bloeijend lân, alear fan molke en hunich Oerfloeijend fol, fan brea en bûter sêdde, Fan ierpels grou, hwa hat dy sa fortrêdde, Need, wea en jammer oer dy brocht? Sa mennich, Oan goarre en honger priisjown, stoarn yn krampen, Wurdt al biskriemd fan dy't, net mear to rêdden, Noch krûmels skraebje út ôffal fan de stêdden, De moed forlern op útkomst út har rampen. It warber folk, dat, kloek en gol, de doarren Wiid opset hie om oarmans ûnk to heinen, Krijt foar syn help de helske tank to barren. Trêftige boargers, ta de fingerseinen Keken en krekt, bistelle nou inoarren, Forfallen ta de wet fan de ûnreinen. Vorige Volgende