Geert Bakker (1927) is histoarikus, wie learaar skiednis, wittenskiplik meiwurker fan de Fryske Akademy, direkteur fan de Noordelijke Leergangen en de nhl. Publisearre û.o. oer de Súdwesthoeke. |
Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum, de Riepe en it Frysk Deiblêd. |
André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in cd-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10. |
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it o-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber 2000 ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtling. |
Sikke Doele (1942-2002) wie keunstredakteur fan de Ljouwerter Krante. Publisearre literêr wurk yn Podium, De Tsjerne, De Strikel en Sonde, dêr't er ek redakteur fan wie. Krige yn 1971 in Rely Jorritsmapriis. Yn 1977 ferskynde syn dichtbondel It swiet geniet, yn 1999 syn proazadebút De Gouden Teeman, twa jier letter folge troch De Messeslikker. Fan 't hjerst ferskynt de fersebondel Longereilân. |
Babs Gezelle Meerburg (1964) wurket by de Fryske Akademy te Ljouwert oan in biografy oer Anne Wadman. Se is as dosint Letterkunde en Taalbehearsking ferbûn oan de stúdzje Frysk oan de Universiteit van Amsterdam. Foar de Ljouwerter Krante skriuwt se poëzykritiken. |
Hylkje Goïnga (1930-2001) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, dy't foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald binne. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels. |
M.J.M. de Haan (1942). Studie wijsbegeerte en Nederlands in Leiden. Schreef over middeleeuwse Nederlandse letterkunde en cuultuurgeschiedenis van 18e en 19e eeuw. Vertaalde gedichten o.a. van Rilke, Heine, Edna St Vincent Millay en Burns (over wie hij ook een biografie schreef). Leerde drie jaar geleden het werk van Postma kennen, besloot daarom Fries te leren en wijdde in zijn tweede bundel met gedichten (60 sonnetten, 2001, 070 3694004) twee gedichten aan hem. |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Docht benammen ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei oerheidsbelied en taal. |
Atze Keulen (1938) Studearre klassieke talen yn Grins, wie learaar en konrektor yn Snits en rektor Hengelo. Publisearre in oersetting fan Seneca syn Troades (1995) en promovearre op dyselde trageedzje (2000). |
Jitske Kingma (1959) wie (sjef)redakteur by it Friesch Dagblad. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Henk van der Meulen (1925) wie redakteur fan de Leeuwarder Courant, dêr't er no noch resinsjes foar skriuwt. Fan him ferskynde yn 1997 in monografy oer de byldzjend keunstner Jerre Hakse. |
Joke Pas (1949) gaf les zowel in het basisonderwijs als in het voortgezet onderwijs (Nederlands). Woont vanaf 1990 met haar man en drie zonen in Exmorra, waar ze zich intensief bezighoudt met het schrijven van poëzie. In 1999 verscheen Een Verbaasde Brief. Publiceert o.a. in het tijdschrift Kunst en Wetenschap. |
Tsjits Peanstra (1924) wie wykferpleechster.
Publisearre gedichten yn û.o. De Tsjerne, De Strikel, Trotwaer en yn fjouwer bondels. Har fersen waarden sammele yn Neierhân (1999) |
Coen Peppelenbos (1964) is docent aan de Noordelijke Hogeschool, recensent bij de lc, schrijver van diverse schoolboeken en hoofdredacteur van Tzum. Is bezig met een roman en een dichtbundel. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Ria Postma-Stolk (1927) wurke by de Fryske Utstjoering fan de Regionale Omroep Noord en Oost, skreau ferhalen yn tydskriften, publisearre trije boeken en komt fan 't jier mei de bondel Flinters dûnsje mar wat. |
Marije Roorda (1948) wurket yn it spesjaal fuortset ûnderwiis. Publisearre koarte ferhalen en gedichten yn sammelbondels. Wûn yn 2000 in Rely Jorritsmapriis. Is lid fan de skriuwploech Hysp. |
Gerrit de Wilde (1941) beeldend kunstenaar te Makkum. Woont in Fryslân sinds 1967. |