Oant safier oer syn styl. No de ynhâld.
Twa dingen mis ik yn syn ferhaal. Yn it foarste plak ûntbrekt in relativearring fan de yndieling foar en nei 11-9. It is as fansels dat wy, minsken - westerlingen, mei ús politike lieders foarop - fan dizze tiid, skokt troch it barren, in simpele twadieling yn ús tinken hantearje: foar en nei 11-9. Mar de stelling dat de wrâld nei de oanslach op de Twintowers fûneminteel feroare is, is op syn minst foarbarich. Wy sitte der noch fierstente ticht op om dat in bytsje objektyf te besjen en bewize te kinnen. It is - om mei de kroanprins te sprekken - mar in miening. De skiednis tilt op fan de yngripende foarfallen dy't brûkt binne of te brûken binne as wetterskieding. Foar en nei Napoleon, de stoommasine, ‘14-18’, de Wallstreet crash, ‘40-45’, ensfh. Fierder moat ik tinke oan Joop den Uyl syn sizzen yn 'e tiid fan de oaljekrisis fan '73: ‘It wurdt nea wer sa as it wie.’ En dan it ferskinen fan het rapport fan de Club van Rome, de fal fan it kommunisme, de fal fan de Muorre, ensfh. Breuken, brekpunten. Yn wittenskippen as skiednis en filosofy kenne wy it struktueralisme, men siket nei typearjende struktuerferoaringen.
Yn Nederlân wie it J.H. van den Berg dy't it ‘breuktinken’ systematisearre yn syn teory fan de metabletica, te finen yn û.o. Metabletica of leer der veranderingen - beginselen van een historische psychologie (1956) en Gedane zaken, twee omwentelingen in de westerse geestesgeschiedenis. (1977)
Al sleept Van den Berg noch safolle materiaal oan om syn stelling te bewizen, it wol mar net oertsjûgje. It byinoar binen fan gelyksoartige feiten op ferskaat mêd, dy't dan de breukline foarmje, liket al gau willekeurich te wêzen. Ut de see fan mooglikheden wurde inkele opfiske en as wichtige parallellen beskreaun. Om op dy wize struktueren yn de skiednis te ûntdekken is ien ding, om ien tige ynponearjend feit fan hjoed fuortendalik ta breukline te ferklearjen is wat oars, is ûnmooglik. Wy kinne net witte wat yn de takomst as it wichtichste foar-en-nei-feit fan ús tiidrek sjoen wurde sil. Dêr komt noch by dat wat fierder it barren efter ús komt te lizzen, wat minder wy de breuk noch fiele. Mear en mear sjogge wy it feit as in ûnderdiel fan in komplekse ûntjouwing.
In oare kwestje dy't Mous oanstipt. Hy konstatearret dat de bylden fan 11-9 by guon minsken ‘een vreemd gevoel van schoonheid’ oproppe. Hy skrikt dêrfan, mar doart te bekennen... ‘ik heb mezelf ook heel even op die verontrustende esthetische ervaring betrapt’. Wat is der sa frjemd en ferûntrêstend oan dizze erfaring? Neffens my hielendal neat. Tanks, ûnderseeërs, militêre fleantugen fassinearje, kreklyk as in harnas, in swurd en in kastiel. Deadsmasines út de hiele minsklike skiednis roppe gefoelens fan skientme op. Dat hat altiten sa west en elke ûntwerper fan wapens wit hoe wichtich dat is. Mei de bylden fan atoompoddestuollen, fan de delstoartende Hindenburg, fan de ynvaazje yn Normandië, fan de Golfoarloch is it net oars. Se roppe allegear dat ‘frjemde estetyske gefoel’ op. Net allinne fotosjoernalisten witte hjir alles fan, ek byldzjende keunstners as Andy Warhol mei syn bylden fan de elektryske stoel en auto-ûngelokken, meitsje gebrûk fan de prinsipes dy't hjir de grûnslach fan foarmje. En wat te tinken fan it ultime byld fan wredens, fan lijen, fan pine, fan ûnminskelike straf: Jezus oan it krús! De ferbylding fan syn lijen rint as in reade tried troch de Westerske keunstskiednis. De ferneamde krusiging (1950) fan Francis Bacon, dy't him nei eigen sizzen ynspirearje liet troch Grünewalds krusigingen, giet jin troch ieren en sinen. Wy hawwe - sa liket it - sokke skilderijen nedich om ta it besef te kommen hoe