Meiwurkers
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei, yn febrewaarje 2001 syn trêde, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje.
André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in cd-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10.
Eppie Dam (1953) is skoalmaster en skriuwer. Troch de hieltyd grutter wurdende gekkichheid yn ûnderwiislân, de lêste jierren ek yn dy folchoarder. Hy skriuwt foar folwoeksenen en bern, al wurde de grinzen hieltyd fager. Yn syn yn 1999 ferskynde Dingeman krijt wjukken falle se suver wei. Nei syn lêste boek, Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske (2001), hat er in jier kalm oan dien. De wâl en it skip.
Babs Gezelle Meerburg (1964) wie as letterkundige ferbûn oan de Fryske Akademy. Hja ûndersiket nei-oarlochske Fryske literatuer en literêr wurk út it midden fan de njoggentjinde ieu. Oan de Universiteit van Amsterdam is hja dosint taalbehearsking en oan de Universiteit Grins jout hja kolleezjes oer moderne Fryske letterkunde. Fierder resinsearret hja poëzy foar de Ljouwerter Krante.
Wieke de Haan (1959) wurket by It Fryske Boek en freelance foar de f-side. Neamt harsels brijsieder, is net by steat om analytysk wurk te leverjen, mar wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpyk-achtige wize.
Cor Hofstra (1946) is wiskundelearaar te Ljouwert. Wennet yn Frjentsjer, mar is grutbrocht yn Drachten. Hat 22 jier om útens west.
Benny Holtrop (1938) bedarre nei 24 jier ûnderwiis yn 'e skriuwerij. Skriuwt it leafst ferhalen en gedichten. Skreau ek foar toaniel. Publisearre fiif proazaboeken en fjouwer dichtbondels. Wûn seis Rely-prizen, de Stellingwerfske Oolde Pookpries en de Hearrenfeanster Gouden Pen.
Arjan Hut (1976) hat hbo-Ingelsk en is dwaande mei Frysk. Is begjinnend skriuwer. Hat fan 't simmer syn gedichten yn it Ingelsk en it Frysk foardroegen op it Polperro-festival yn Cornwall.
Karin de Mik (1960) is historica en zelfstandig journalist. Ze is o.a. vaste correspondent voor nrc Handelsblad in Noord-Nederland.
Huub Mous (1947) is keunsthistoarikus en as konsulint foar byldzjende keunst ferbûn oan Keunstwurk. Wie direkteur fan it Frysk Festival.
Syta Palma (1936) studearre Frânsk yn Utert (skripsje oer wurk fan Albert Camus) en Frysk yn Grins (skripsje oer wurk fan Trinus Riemersma), wie learares Frânsk yn Grins. Resinsearre Frânske literatuer yn it Nederlands Dagblad. Jout taalûnderwiis en pastorale soarch oan Frânsktalige asylsikers.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Jildou Popma (1966) wennet yn Balk. Se wurket en skriuwt foar it ûnderwiis en hat út en troch mei keunst en houliken te krijen.
Anneke Reitsma (1949) is dichter en essayist. Haar laatste dichtbundel was Wonen in het Avondland (1998). Schrijft over Nederlandse poëzie en is verbonden aan het tijdschrift Ons Erfdeel. In 1998 verscheen haar studie Een naam en ster als boegbeeld - de poëzie van Ida Gerhardt in symbolistisch perspectief. Binnenkort verschijnt een nieuwe essaybundel: ‘Het woord te vondeling’ - van Gezelle tot Gerlach.
Trinus Riemersma (1938) amateuristysk literator te Frjentsjer.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Debutearre yn 1998 mei de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Koartlyn ferskynde Sa'n tûzen blauwe skriften. Biografy fan Reinder Brolsma.
Atze van Wieren (1943) woont in Buitenpost en is als loopbaanadviseur verbonden aan de rug. Hij schrijft korte verhalen en gedichten. De laatste tijd ligt het zwaarte punt bij de poëzie. Publiceerde in diverse literaire bladen.
Willem Winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âlderensoarch, skreau foar De Strikel, de lc, Hjir en Trotwaer oer - koartsein - keunst en kultuer. Skreau in essay oer typearjende aspekten fan de Fryske literatuer: De wite skelk fan Richt (Hjir, desimber 1999).
Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.