Meiwurkers
Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt sûnt in pear jier leaver yn it Frysk.
Tine Bethlehem (1938) is dosinte literêre foarming. In oersjoch fan har fersen sûnt 1955 ferskynde yn Swietroken & koperblazers (1995). Fan 't hjerst komt in nije bondel út by Bornmeer.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei, yn febrewaarje 2001 syn trêde, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje.
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it flmd; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken.
S. van Ek is recensent van het Friesch Dagblad.
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Docht benammen ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei oerheidsbelied en taal.
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde: Om Teatske (1995), De fermisten (1998) en De Slach om Transkei (1999). Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en It Wâld).
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, tsien jier letter oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder, itensierder en republikein te Frjentsjer.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Ein foarich jier ferskynde De brulloft fan Valentijn, syn twadde ferhalebondel.
Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.