Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt sûnt in pear jier leaver yn it Frysk. |
Pieter van den Berg (1950) is parttime lezer. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtling. |
Sikke Doele (1942) is keunstredakteur fan de Ljouwerter Krante. Publisearre literêr wurk Podium, De Tsjerne, De Strikel en Sonde, dêr't er ek redakteur fan wie. Krige yn 1971 in Rely Jorritsmapriis. Yn 1977 ferskynde syn dichtbondel It swiet geniet, yn 1999 syn proazadebút De Gouden Teeman. |
Babs Gezelle Meerburg (1964) wie as letterkundige ferbûn oan de Fryske Akademy. Hja ûndersiket nei-oarlochske Fryske literatuer en literêr wurk út it midden fan de njoggentjinde ieu. Oan de Universiteit van Amsterdam is hja dosint taalbehearsking en oan de Universiteit Grins jout hja kolleezjes oer moderne Fryske letterkunde. Fierder resinsearret hja poëzy foar de Ljouwerter Krante. |
Pieter de Groot (1946) redakteur Leeuwarder Courant, âldredakteur De Strikel en it Strikelboek. |
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. |
Eric Hoekstra (1960) is meiwurker fan de Fryske Akademy. |
Frans Holwerda (1938-2000). Studearre sosjale geografy en skiednis yn Grins. Wie leraar/konrektor oan Stedske Skoallemienskip te Ljouwert. Wie yn syn lêste jierren warber yn ‘de Fryske skriuwerswrâld’, û.m. as skriuwer fan de ku. Fan him ferskynde de dichtbondel Wâldmans hikke (1997). |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. |
Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie (in pear jier ferlyn) Marijke Meu. Hy hat diel útmakke fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. Toanielkritiken fersoarge er foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995). |
Douwe de Vries (1946) is learaar Nederlânsk en resinsint fan û.o. it Friesch Dagblad. |
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learareoplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Hollânsk wie Plaatselijke Tijd, yn it Frysk ferskynde koartlyn Op sân. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten. |
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen. |
Johan van der Zee (1942) wurke as redakteur by de Fryske Utstjoering fan de Regionale Omroep Noord en Oost, stapte dêrnei as redakteur-ferslachjouwer yn Fryslân oer nei it televyzjeprogram Van Gewest tot Gewest. Skreau yn Frysk en Frij oer media. |
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens).