Fryslân yn 'e efterútspegel
Ulke Brolsma
As ik oer de Ofslútdyk ryd mei Fryslân yn de efterútspegel, is dat myn idylle? Miskien wol. It lân leit der rêstich hinne. Grien, wiid en blauwe loften. De ienige soargen dy't men dêr hat, sa liket it hjir yn Hollân, binne guon froulju dy't mei harren Fryske kostúms yn it Frysk Museum bliuwe wolle. Wat in lân!
Werom nei dy idylle? Nee, nei tritich jier frjemd gean, giet de ferhúswein perfoarst net rjochting Stiennen Man. Hoewol, in minske kin nea wite. Ja, ik hâld mar efkes in slach om 'e earm. As gemeentlik foarljochter binne je dat sa wend. In beropssykte.
Fryslân is it lân dat foar my earne in de fierte skimert. Sa as je, op wei nei de famylje, Fryslân op de Ofslútdyk op je takommen sjogge. Dat lytse strypke lân, de seedyk, dy't krekt boppen de kimen út komt. It lân is fierwei, mar it is der altyd.
Mear as tritich jier ferlyn bin ik wei tean út Grou. Fuort by ús toer, ús mar en ús piip (dy wie der doe noch). As ik dan weromkom, kinne je skrieme oer wat er feroare is. Sa as dêr op sommige plakke tahâlden is. Mar dan wurdt dit sa'n nostalgysk ferhaal, sa yn 'e trant fan doe wie alles moaier, better. En dat is in sykte foar degenerearre âlden fan dagen.
Wie Fryslân tritich jier lyn in idylle? Je hiene yn alle gefallen Piebenga, dy't ús yn 'e Ljouwerter learde hoe't we tinke moasten. Fedde Schurer, dy't ús yn de Fryske Koerier alle dagen in spjalte lang witte liet hoe't de wrâld der by stie. En Frou Faber-Hornstra, dy't it bewâld hie oer de kultuer. Fryslân wie sa oersichtlik. Liket my no...
Ik fûn Fryslân doe net in idylle. It wie der near. It libjen op in doarp is foar guon misken prachtich. Dy beslettenheid, dat mei-elkoar, wat je yn Grou sterk hiene. Mar in doarp kin ek benaud wêze, it gekeakel, de praatsjes, de kontrôle. Doe't ik ferfear, wie dat mei blidens. Ik tocht dat it bûten de Fryske grinzen allegearre oars wêze soe, better ek. Dat it bûten Fryslân gjin paradys wêze soe, hie ik yn it foarút ek wol tocht. No wyt ik dat mei wissichheid.
En de Fryske literatuer, ha ik dy mist? Gjin tel. It lêste boek dat ik kocht, wie Minskrotten/Rotminsken. Jierren hat dat en in lyts rigeltsje oare Fryske boeken yn 'e kast stien. Myn Roemeenske frou hie ek sa'n plankje mei de Roemeenske grutten. Der kamen hieltyd mear boeken by, gjin Fryske. En ek gjin Roemeenske. De ôfstân fan Fryslân en Roemenie like hieltyd grutter te wurden. By eltse ferhuzing waard it tal Friezen en Roemenen lytser. En wy binne faak ferhuze. Wat ik sa út en troch dochs noch wolris lies, dêr foel my de bek ek net fan iepen.
Je hiene dochs in pake dy't yn it Frysk skreau en in heit dy't ek aardich wat ferhalen en trije romans op de wrâld brocht? Dêr wie ik ek grutsk op. Pake wie ommers in ferneamd skriuwer. No ja, dy priis yn de oarloch, dat wie net syn bêste set. Mar ferneamd en bekend dat wol, tocht ik. De ferkeapsifers fan Grûn en minsken yn 'e rige Fryske Klassiken wize oars. De Friezen binne net yn kloften nei de boek-