ver en ripernôch wirden is om to foldwaen oan de swiere easken dy't ús dizze dagen ôfferge wurde.
In fakânsjekamp wie ien fan de manieren om foarm te jaan oan it entûsjasme dat de Mienskip losmakke hie. Fyts- en boattochten, mar foaral leargongen en kritegearkomsten wienen bedoeld om de besieling rjochting te jaan.
In krite die ferslach fan in fytstocht: ‘It waer wie moai en de dei, fol golle frjeonskip en stille blidens oer Fryslân's moaijens, scil ús ûnferjitlik wêze.’ In oare krite hie it oer in ‘moaie joun, der't wiere Jongfr. Geast hearsket’. Dat wie yn Burgum, der't de jûn begûn wie mei ‘in earnstich, ta arbeidzjen en striden oantrúnjend wird fen de foarsitter’.
De earste skriftlike kursus Frysk fan it Ynstítút for Folksûntjowing hie 178 dielnimmers. De prospektus stie fol mei positive reaksjes; dy fan J. de Vries fan Rottevalle bygelyks: ‘Mei folle nocht haw ik Jim kursus folge. Nou kin ik den ús eigen moaije Fryske tael fetsoenlik skriuwe, wylst ik der oars neat fen koe.’
Reinder Brolsma, dy't him ek oansletten hie by de Mienskip, skreau oan Kalma: ‘Whent it het my oars wondere skoan foldien jister. Der siet gloede yn dy ljue. Tyd en wirk scil ik der ek graech for oer habbe.’
Anne Jousma sei dêr letter fan: ‘De kritegearkomsten wienen bjustere noflik; der waerd tige - tsjintwurdich heart men it wurd “loftfytsen” wol fallen en dat soe ik net foar myn rekken nimme wolle - tige praet oer hege idéalen foar Fryslân, dy 't wy fêst net allegearre birikt hawwe en faeks nea birikke sille.’
De Mienskip is mar in pear jier in grutte beweging bleaun. Dat koe ek net oars, soe in Jongfries skriuwe, want in blom ‘dy't sa heftich bloeit, dy bloeit koart.’
De reden foar it ôftakjen fan de Mienskip wurdt faak socht by de koerswikselingen fan Kalma. Wier is, dat it sosjalisme de measten fan syn folgelingen te fier gie. In reden sil ek west hawwe, dat men no ienkear mar in skoftsje fûl entûsjast bliuwe kin, ear't it realisme werom komt. Want hoe't men ek ‘arbeide’, folle feroare der noch net yn de situaasje fan it Frysk en de posysje fan Fryslân.
In skoftlang hie Kalma mei syn besieling en radikalens Jongfriezen de hoop jûn dat it harren wol yn koarte tiid slagje soe. Mei't it besef dat alles fierhinne in dream bliuwe soe, kaam ek de ôfwizing fan de man, dy't harren safolle tasein hie.
By it ferrinnen fan de Mienskip hat sûnder mis net swak byspile, dat der nochal wat fan de leden ferwachte waard. Kalma hie alris warskôge: ‘It Jongfryske ideael jowt gjin aerdige jounen.’ Alle wiken wienen der wol aktiviteiten, dêr't ek wer ferslaggen fan makke wurde moasten. Sa waard op in ‘húsh. Gearkomste’ yn Dokkum op 16 septimber 1920 ‘folle preat oer de hâlding fen de krite yn it Mienskips-forbân [...]. Fierder in lezing fan de hr. Sipma oer: “De wie nei in bettere wrâld”.’
Rillegau komme berjochten as: ‘binne troch forhúzjen en bitankjen de lêste tiid gâns leden kwytrekke’. Begûn de Mienskip yn 1921 mei 537 leden, oan 'e ein fan it jier wienen dat der noch 372.
‘Wolle wy goede Jong-Friezen wêze, gjin etiket Jong-Friezen [...], den moatte wy it ideael klear sjen, wy moatte it bilibje eltse dei wer, wy moatte ús ien fiele mei dat greate, dat moaije, dêr't wy for arbeidzje wolle, yn hwaens tsjinst wy it bêste, dat der yn ús libbet, stelle wolle.’
Dat hâlde Lokke Kerkhof de Jongfriezen foar, op in moandeitemoarn yn 1920 yn 'e dunen fan It Amelân. Dy moarns sil elkenien mei ynstimming nei har harke ha. Men sil der doe