Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] Willem Schoorstra Net earder as no samar, op dizze simmerjûn, fongen yn barnstien, sjocht er troch in tear yn 'e tiid yn de eagen fan it jonkje, op sa'n selde simmerjûn, heech ûnder de balken fan it âldershûs, slûgjend yn de beslettenheid fan 'e sliepkeamer, dêr't beret de tsjerketoer yn it iepen rut stiet, yn in rest dy't him rûnom deljûn hat; en yn dizze see fan stilte skolperje sêft de stimmen fan de heit en de mem, as in betroude brâning tsjin de muorre fan it hûs; sweve yl mar trinten de toanen fan buorman's mûlharp troch de achtertún, beselskippe fan de lêste sinne strielen; yn dy stûne wie it sa't it wêze moast, it libben fan ivichheid wjerspegele; en net earder as no begrypt er de triennen fan doe Vorige Volgende