Wilco Berga (1947) is wurksum as byldzjend keunstner en skriuwer, yn it Frysk en it Nederlânsk. Fan him ferskynden dichtbondels, romans en toanielstikken (û.o. útfierd troch Tryater). Sette lieten fan Brel oer yn it Frysk en skrean sels in tal lietteksten dy't troch ferskate artysten op cd set binne. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jont lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. |
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêrhistoaryske stikken. |
Remco Ekkers (1941) wie dosint Nederlânsk, publiblisearre ferskate dichtbondels, as lêste Het gras vergeten (1991). Is poëzyresinsint fan de Ljouwerter Krante en de Poëziekrant. |
Anne Feddema (1961) skriuwt literêre teksten, skildert en makket muzyk. Hie in Liwadder kollum foar Omrop Fryslân, eksposearre rûnom yn Nederlân en ek yn Dútslân en Litouwen. Debutearre yn 1997 mei de fersebondel Slapstickiepenbierings. |
Josse de Haan (1941) wennet yn Frânsk Baskelân. Wie ûnderwizer en learaar Nederlânsk en redakteur fan quatrebras, Trotwaer en iP2r90. Is sûnt 1986 fulltime skriuwer fan proaza, poëzy en toaniel. Foarich jier ferskynde fan him de roman Piksjitten op Snyp. |
Frâns Holwerda (1938). Studearre sosjale geografy en skiednis yn Grins. Wie leraar/konrektor oan Stedske Skoallemienskip te Ljouwert. Meilibjend Boarger, Lêzer en Toerfytser en dêrby de lêste jierren warber yn ‘de Fryske skriuwerswrâld’, û.m. as skriuwer fan de K.U. Fan him ferskynde de dichtbondel Wâldmans hikke (1997). |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. |
Teake Oppewal (1952) is koördinator literatuerbefoardering by it FLMD en foar noch in pear oeren wyks dosint skiekunde oan it Friesland College; gearstaller (mei Pier Boorsma) en ynlieder fan de Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Organisearret û.o. skriuwkursussen en de jierlikse Provinsjale Skriuwdei. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Tjitte Piebenga (1935) siet in fearnsieu by it spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert, skreau sa út en troch ris in ferske of in boekje, wie de lêste jierren foaral op kabaret- en toanielmêd dwaande, skriuwt poëzije-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant. |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten. |