Meiwurkers
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlansk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Eppie Dam (1953) is skoalmaster en skriuwer. Troch de hieltyd grutter wurdende gekkichheid yn ûnderwiislan, de lêste jierren ek yn dy folchoarder. Hy skriuwt foar folwoeksenen en bern, al wurde de grinzen hieltyd fager. Yn syn meikoarten te ferskinen Dingeman krijt wjukken falle se suver wei.
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêrhistoaryske stikken.
Jan Dotinga (1934) âld-ûnderwizer, wennet te Droegeham. Publisearret meast poëzy en kantateteksten. Lêste wurk: Lang gjin lykwicht (1992), teksten foar it sjongteater Gysbert sjongt mei Baukje Wytsma (1995) en Gods tromboanes, in oersetting út it Ingelsk fan negerpreken fan James Weldon Johnson (1997).
Remco Ekkers (1941) dosint Nederlânsk, publiblisearre ferskate dichtbondels, as lêste Het gras vergeten (1991). Is poëzyresinsint fan de Ljouwerter Krante.
Douwe Kootstra (1951) is publisist, kolumnist en skriuwer fan reisferhalen. Hy makke begjin 1998 de oerstap fan it basisûnderwiis nei GCOfryslân.
Oene W. Nijdam (1944) siet by it ûnderwiis, publisearret oer muzyk en is resinsint by de Ljouwerter Krante.
Tsjits Peanstra (1924) wie wykferpleechster, publisearre gedichten yn De Tsjerne, De Strikel, Trotwaer en yn twa sammelbondels; Oanspield, har fjirde bondel, ferskynde yn 1988. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsma-priis (1990 en 1993).
Tjitte Piebenga (1935) siet in fearnsieu by it spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert, skreau sa út en troch ris in ferske of in boekje, wie de lêste jierren foaral op kabaret- en toanielmêd dwaande, skriuwt poëzije-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant.
Durk van der Ploeg (1930) wurke as typograaf en opmaakredakteur, siet yn de redaksje fan De Tsjerne, De Stim fan Fryslân en Frysk en Frij, skriuwt kritiken foar de Ljouwerter Krante, publisearre gedichten, novellen, romans en ferhalen, û.o. In bit yn 't iis en Gjin plak op ierde (beide 1996) en Skepsels fan God (1998).
Margryt Poortstra (1953) wurke yn de swaksinnigesoarch en as siktaresse yn de psychiatry en (op dit stuit) by it RIAGG, publisearre romans, ferhalen, berneboeken en gedichten; har lêste bondel is Ferrifeljend glês (1994). Fan 't jier ferskynt in koarte roman.
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde foarich jier de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan Quize-Quânsje.
Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as freelance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâns boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd.