Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant voorplat]
| |
[Nummer 1]Trotwaer wol in poadium wêze foar Fryske skriuwers en in kweekfiver foar nij literêr talint. Kreative bydragen wurde ôfwiksele mei skôgingen en boekbesprekken. Dêrneist jout Trotwaer omtinken oan algemien-kulturele ûntwikkelingen en ferskynsels. De redaksje stribbet nei ferskaat. In eksplisyt program hat se dêrby net: alle sjenres en alle streamingen binne wolkom, mits fan behoarlik nivo en lêsber skreaun. Mei yngong fan 1999 ferskynt Trotwaer tsien yn pleats fan seis kear it jier. Tanksij in ekstra subsydzje fan de Provinsje Fryslân yn in nij omslach en in nije layout, nei in ûntwerp fan Douwe Huitema (BW H ontwerpers).
|
|