Pieter Duijf (1957) besprekt Fryske literatuer yn it Friesch Dagblad en makke diel út fan é advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 1998. |
|
Babs Gezelle Meerburg (1964) is ferbûn oan de Fryske Akademy te Ljouwert as letterkundige. Hja ûndersiket neioarlochske Fryske literatuer en literêr wurk út it midden fan de njoggentjinde ieu. Oan de Universiteit van Amsterdam is hja dosint taalbehearsking en oan de Universiteit Grins jout hja kolleezjes oer moderne Fryske letterkunde. Fierder resinsearret hja proaza en poëzy foar it Frysk Deiblêd. |
|
Pieter de Groot (1946) redakteur Leeuwarder Courant, âld-redakteur De Strikel en it Strikelboek. |
|
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket op it P.J. Meertens Instituut by Dailectologie. Is dwaande Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Fan him ferskynde dit jier Dat zijn nou typisch Friezen. |
|
Lolkje Hoekstra (1968) is redakteur fan Trotwaer. Skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Brûkt it Frysk en it Nederlânsk en wurdt yn beide talen publisearre c.q. spile. Krige foar twa ferhalen de Rely Jorritsma-priis (1994 en 1995), wûn yn 1993 de earste AFUK-jongereinpriis. Wennet yn Grins en wurket by Albert Heijn as fleisspulfamke. |
|
Jelle Krol (1957) studearre Ingelsk en Frysk, wie redakteur fan Trotwaer, sette mei Popke van der Zee de Beowulf (1984) oer, publisearre oer Douwe Kalma en besoarge dy syn Samle fersen (1996), bespriek Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant (1992-1998) en wurket as konservator op it FLMD. |
|
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
|
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk en Frysk, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Besprekt m.y.f. 1999 Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant. |
|
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje. |