De aktualiteit fan Obe Postma
In ferantwurding
Op 10 oktober 1997 wie it fyftich jier lyn is dat Obe Postma (1868-1963) de (earste) Gysbert Japicxpriis krige foar syn bondel It sil bistean. Dizze hjerst ferskine de twatalige blomlêzing Van het Friese land en het Friese leven en in skriuwersprinteboek oer libben en wurk fan de noch altiten populêre dichter.
Foar Trotwaer oanlieding om in spesjaal nûmer gear te stallen mei as tema: de aktualiteit fan Obe Postma. As motto tsjinnet de earste strofe fan it fers ‘'t Hat west, it is’ (Samle fersen, side 268):
't Hat west, it is; it stiet biskreaun
En heart ta wrâlds bistean,
't Is by it greate barren komd
Yn tolve skôgjende bijdragen wurdt û.o. yngien op it oersetten fan Postma syn wurk en op Postma as oersetter, op de byldfoarming en it Nachleben, op Postma syn plak yn blomlêzings, op syn homoseksualiteit, op it klimaat yn syn poëzy en op Postma syn relaasje ta it wurk fan Emily Dickinson, Douwe Kalma, J.A. dèr Mouw en J.J. Slauerhoff. Philippus Breuker, dy't yn in ynaugurele rede en yn it neiwurd bij de nije blomlêzing sines al sein hat oer it belang fan Postma, fertelt yn in ynterview wat him bij syn ûndersyk driuwt.
Dêr tuskentroch jouwe ienentweintich Fryske en Nederlânsktalige auteurs yn proaza en poëzy in persoanlike reaksje op de fraach ‘Wat hat it wurk fan Obe Postma hjoeddeiske skriuwers en dichters noch te sizzen?’ Dêrbij giet it net allinnich om lof en adheezje, ek krityske en ôfwizende bijdragen ûntbrekke net.
It docht de redaksje goed dat safolle minsken oan dit nûmer meiwurkjen woenen en dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum ús mei rie en die bijstean woe. Tanksij de royale stipe fan in stikmannich ynstânsjes en fûnsen koe it in ekstra edysje wurde, bûten de wenstige seis nûmers om, mei in gelegenheidsomslach fan ús foarmjouwer Douwe Huitema.
Jan Pieter Janzen, einredaksje.