Yn it lân fan 'e blinen....
Henk van der Veer
Oer: Jurjen van der Meer, Freedtemiddei frij, AFUK, Ljouwert, 1996. Priis: f 14,90.
‘Jurjen van der Meer skriuwt ferskes om foar te dragen, lietsjes om te sjongen en gedichten om oer nei te tinken. Gewoan omdat er it leuk fynt om te dwaan’. Flaptekst-gejeuzel fan it boppeste buordsje dat te lêzen stiet op 'e bondel Freedtemiddei frij, 46 fersen om foar te dragen fan Jurjen van der Meer.
‘Leuk’ as ik ergens it mier oan ha is dat wol it wurdsje ‘leuk’. Harrekrammele, wat no ‘leuk’?
‘Leuk’ hat hielendal gjin betsjutting, is in leech neatsizzend wurd en komt aldergelokst net yn it Frysk wurdboek foar.
‘Leuk’ hat ek hielendal gjin ambysjes, mist pretinsjes, is in wurd sûnder kloaten.
De bondel fan Van der Meer is ornearre foar bern fan 10 jier ôf en de fersen binne yn 'e ôfrûne 10 jier skreaun. It grutste part fan de produksje hat skoalmaster (hoe soe't ek oars) Van der Meer skreaun foar ‘de’ jierlikse foardrachtskriich. Dizze kriich is fan 1968 ôf bekend wurden ûnder de namme FeRstival.
Oer it doel fan de kriich wurdt yn 'e bondel Poëzij op 'e planken (ferskynd by it 50-jierrich jubileum fan de foardrachtskriich fan de Provinsiale Underwiisrie yn 1992) it folgjende sein:
a. | befoardering fan de belangstelling foar de literatuer yn it algemien en foar de Fryske yn it bysûnder; |
b. | fuortsterking fan frijmoedigens yn it nei foaren kommen; |
c. | befoardering fan in goede ‘dicty’. |
d. | it befoarderjen fan it skriuwen fan poëzij foar jongerein; |
e. | it fersprieden fan poëzij oer de skoallen; |
f. | it soargjen foar in foarrie gaadlike gedichten om foar te dragen, dy't by de tiid binne en oansprekke. |
Neist punt d. hat Van der Meer benammen besocht om punt f. fan boppesteande doelstellings te realisearjen liket my ta. Ik skriuw mei opsetsin ‘besocht’, want oft er der ek yn slagge is om dizze doelstelling te realisearjen is fers twa. De foarrie is mei 46 fersen útwreide, in absolút feit. Mar oft de fersen ek gaadlik en by de tiid binne? Lit ús de bondel mar ris hifkje.
Lykas yn 'e measte dichtbondels dy't de ôfrûne 25 jier foar bern ferskynd binne kin ek by de seleksje fan Jurjen van der Meer syn fersen in folgjende kategoarise yndieling makke wurde: fantasije-fersen, fersen oer de natoer yn 'e romste sin fan it wurd, gedichten oer ûnderfinings, gefoelens en tinzen fan bern oangeande harsels en de wrâld om har hinne.
Spitigernôch is der yn 'e útjefte gjin ûnder-