|
| |
| | | |
It hingjen fan de hûn
Lolkje Hoekstra
Achteryn de blauwe Opel Record sit ik. Wy ride oer de reed nei beppe ta. De earste helte fan de reed sit ik achterstfoar op 'e bank. Om nei it doarp en De Takomst te sjen. By de skerpe bocht moat ik gewoan sitten gean. Dan moat ik sjen at Bokkebeantsje op syn lân is. Dat is in ferrieder. Us mem-en-dy binne bang foar Bokkebeantsje. It is in meunster. Ut en troch is er op dit stik lân. Meastentiids net. Hy hat gewoan in overal en learzens oan.
At er der is, bin ik bang dat er ús oanhâlde sil. Dat er ús ferriede sil. Hy ferriedt minsken dy't hielendal neat ferkeard dien hawwe. Us mem hâldt him mar wat ta freon. At er op dit stik lân is, wuift se nei him. Mar se grommelet wol alle kearen wat oer delsjitten. Of se suchtet dat it ek in minske is. Hy hyt hielendal gjin Bokkebeantsje. Hy hyt einliks Boonstra, dat hat se my sels ferteld. At er der net is, kin ik nei de pleats sjen. Dan kin Bokkebeantsje net sjen wêr't wy hinne geane. Us mem hâldt ynienen it gas yn, noch foar't wy op it hiem binne. Se flokt in bytsje, dat docht se oars noait. Se bliksemt oer wat dy idioat fan in sweager fan har no wer betocht hat. Se set de auto net fuortendaliks achter op it hiem, mar se stoppet deun foar de syddoar fan beppe. Se stapt út, slacht de doar fûl ticht, rint nei de oare doar fan de auto, docht dy iepen. Se klapt de foarstoel nei foaren ta, skuort my dan by it skouder de auto út. Se knypt my sear en sleept my yn in pear tellen de doar fan beppe troch. Se jeit my de gong yn. Dêr bliuw ik stean. Beppe is de keamer útkaam. Us mem stiet yn de doar nei omke te razen dy't yn it hôf is. At de grutte idioat dan net wit dat it tiisdei is. Dat sy hjir dan ommers mei it bern komt. Dat dy dit net sjen hoecht, of wie dat miskien de bedoeling. Hy hie dy rothûn ommers noait oanskaffe moatten. Dat hat se ommers fuortendaliks al sein. In Sint Bernhard wol net op in pleats. Komt ûnheil fan. Wurde kwea. Hat se dat net sein? En fergemy noch te deun om nei de feearts. At er him net djip skammet. Minne boer, joust gjin miter om bisten.
Dan omke. Moatst dy de freet hâlde, hast der gjin doel oer.
O jonkje, oft sy der doel oer hat. Bist gewoan in fint fan neat. In wetterhûntsje of bijke is dy te gewoan. Op de aparte toer, hin? Dit krijst der no fan. Dêr hinget no foar safolle gûne yn 'e beam.
Beppe strykt my oer it hier. Ik krij in koetjesreep at ik mei de keamer yngean. Mar ik stean tsjin de kâlde, wite muorre oanplakt. Ik wol dy reep graach ha, mar ik kin net bewege.
It kin ommers wol oeren duorje ear't er goed en wol dea is. At er dochs al sa'n protte minsken biten hat, no wat jout it dan noch. In dei earder of letter. Hie moarn ek wol kind. Tinkst altyd
| | | | allinnich oan dysels. Wat? Hat er muoike biten? Dat is dan har lean, hie se mar net mei sa'n stik ûnnut trouwe moatten. No bliksemt se noch in pear kear, en smyt dan de doar ticht. Se is sa lilk. Dat is se oars noait.
Se seit dat ik de jas útlûke moat en oan de kapstok hingje. Dat doar ik no net mear en de kapstok hinget ek te heech by beppe thús. Se komt no de keamer wer út en se hat sels har jas ek noch oan. Se tutet my en seit dat it oer is, dat it wer goed is. Se strykt my oer de rêch en lûkt my de jas út. Se tilt my op sadat ik 'm sels ophingje kin. Dan geane wy de keamer yn.
It is freeslik waarm by beppe. It gerdyn dat foar it rút hinget dat op it hôf útsjocht, sit ticht. Beppe sit foar de kachel en prottelt dat ús mem sa mâl net moat. Beppe prottelt altyd en ek nuver. Se seit wutteltsjes en brigge. Dat is woarteltsjes en brêge. Mar einliks seit beppe noait in protte. At der kofje is en ik sa leaf oer de grûn oan it boartsjen bin mei in hânstofskuier, kin ik moai even achter it gerdyn sjen.
Max hinget yn de grutte appelbeam. Omke en de feint steane derby. Yn blauwe overals en mei de hannen yn de bûsen. Max beweecht oan it tou. Hy wurdt ophongen. Max hat my in kear in bytsje biten, yn de búk. Dat die net sear, mar ik skrok der wol fan. Doe wie se ek lilk, mar net earder as dat ik yn de auto siet. Ik ha net heard wat se doe tsjin omke sein hat. Miskien flokt se wol faker.
Us mem reaget my achter it gerdyn wei. Sels sjocht se noch wol even nei Max. Fan beppe krij ik in koetjesreep, mar dan mei ik net wer achter it gerdyn sjen. Ik krij ek sjips en sinas dêr't de prik út is.
At wy wer nei hús geane, stiet omke noch altyd mei de hannen yn de bûsen yn it hôf. Max hinget net mear yn de beam.
It is myn jierdei en it is moai waar. Beppe komt, op 'e fyts. Ik mei sizze wat wy ite sille, mar at beppe meiyt krije wy gjin sjampionnesop. Beppe yt gjin puoddestuollen.
Ik mei beppe yn de mjitte fytse. Allinnich. Ik fyts sa hurd at ik kin, oars moat beppe sa'n ein allinnich fytse.
Ik kom har tsjin op de brêge. Ik ha sjoen dat der allegear swarte roeken yn de a-peal hingje. Ik freegje wêrom't dat sa is. Sy fertelt my dat it in warskôging is. It binne de swarte sielen fan ferlerne minsken. Ik moat derom tinke dat ik net ferlern reitsje. En de minske is ferlern at er ferkearde dingen docht. Ik freegje har at Bokkebeantsje ferlern is. Dat wit beppe net, dat wit God allinnich mar. Foar beppe is Bokkebeantsje gewoan in minske.
Wy stappe even ôf. Se jout my in pipermuntsje, in willemyntsje. Dat is in hiel grutten ien. Wy stappe wer op, want ús mem wachtet. It pipermuntsje is sa grut dat ik der net tagelyk by fytse kin. It floept my ta de mûle út, ik bin it kwyt. Beppe seit dat ik it lizze litte moat. Se moat derom laitsje. At wy thús binne, krij ik in koetjesreep fan beppe.
Ik krij ek klonje fan beppe op 'e jierdei en in bûsdoekje dat se sels omhaakt hat. Mei rose yn oerrinnende kleuren. De klonje rûkt lekker mar is ek goed foar pineholle. Ik ha noait pineholle,
| | | | mar it is in moai fleske.
Us mem en beppe prate allinnich mar mei-inoar. Foaral oer pake, mar dy is dea. Beppe kin der noch net by dat er har hawwe woe. Dat wie in grut foarrjocht. Dan sjocht se my ynienen oan. Soks is in grut foarrjocht at sa'n moaie man dy wol hawwe wol.
Mem moat dat bern gjin ûnsin yndruie. De tiden binne ommers oars no. Al binne wy froulju, wy hoege ús net mear op 'e kop sitte te litten. At sy grut is, hat se it sels foar it kiezen. Moatst net oan sa'n healwiis as dy pake fan dy hingjen bliuwe. Dêr krijst wol sokke healwize bern fan. Se makket grapkes oer harsels. Beppe moat der ek om laitsje.
Neist ús mem fyts ik, op nei beppe. Oer de brêge en dan linksôf, de reed op. Dy is no fan beton. Bokkebeantsje is ferline wike stoarn.
Wy ha de fytstassen fol mei boadskippen foar beppe. Allinnich mar guod foar besite. Se kin gjin iten mear siede, dat is net mear fertroud.
It sjocht der min út. It is healwei tsienen, mar de gerdinen sitte noch potticht. Se hat gjin idee mear fan dei en nacht. Hjoed is ús mem oan bar om har fan bêd te heljen.
Earst lûkt se alle gerdinen iepen, dan makket se beppe wekker. Goedemorgen, zonder zorgen, ropt se. Tel uw zegeningen, seit beppe. Wat bisto der betiid by. It is healwei tsienen, hoe is it, ha wy de koes hast út. Of hat mem te nachtbrekken west. Beppe gniist betrape. Fanke, fanke, wat dochst it wer mâl. En wa is dat? Sjocht mem dat net, it is ús lyts skyt. No sjocht beppe it ek.
Beppe moat in skjinne nachtjapon oan de oare nacht, dizze stjonkt deroer. Beppe wit net hoelang't se dy al oan hat. Noch net te lang, wol? Soest tinke? It bêdeguod is ek net fris mear. Wy nimme drekst de wask wol even mei. Us mem draait beppe in knoetsje yn it hier. Tsjintwurdich allinnich noch har eigen hier. Eartiids wie der noch in nep-opsetstik by. Mar no kin it sa wol. Ja, seit se, ik hoech dochs gjin man mear. Wy wiene sa lokkich troud, heit en ik. Ja, ja, seit ús mem, in doerak wie it. In fraai portret. Do mei dyn rare grapkes, bist him de mûle útstapt, fynt beppe.
Ik set de kofje en ús mem sil beppe waskje. De keukenskast sjocht der frjemd leech út no't beppe har eigen iten net mear siedt. Ik sil daliks de boadskippen even fuortsette. Ik doch de kuolkast iepen. Dêr lizze hândoeken yn. Fan ús mem mei ik nergens raar fan opsjen. Ik moat der fan har om laitsje.
Neist ús mem yn de blauwe Opel Kadet sit ik. Wy geane nei beppe ta. Dy is de lêste tiid sa helder. Se ha har dêr fan de pillen ôfset, dêr is se sa fan opknapt. Silst sjen dat se dy kin. Toe no, mem, se kin my net. Se kin my al tsien jier net mear. Wy moatte har wat gewurde litte.
In suster nimt ús geweken. Beppe hat nyskes in âlde man op 'e hûd jûn. Dat is dan de earste kear dat se fan har ôffiteret, seit ús mem grutsk. Wy komme der noch wol.
Se leit op har keammerke op it bêd. Se mei hjir gjin middeiskoeske dwaan, dat skynt net goed te wêzen. Se reagje hjir ús beppe faak fan 't bêd. Se kin der min oer. Se ferbalje my hjir aldemiter, seit
| | | | se dan. Mar de susterkes binne leaf.
Wy groetsje har, ik jou har in tút op de hân. Se hat harsels noch noait op it wang tútsje litten. Dat is sa healwiis.
Beppe moat no ek al om dizze tút gnize.
Sjochst wol dat se dy kin, seit mem. Hâld der dochs oer op, se kin my net. Se sjocht wat ús relaasje is. At ik memmes man net bin, moat ik wol memmes famke wêze. Oars wie ik hjir net. Us mem lit it der net by sitte. Sjocht mem wol wa't dit is? Ik woe dat ik net bestie. Beppe wurdt der bang fan. Se wit it net, echt net. Se weaget in gokje. Ynskje. Us mem laket in frjemde laits. Hiene wy dan in Ynskje? Nee dochs. Dit is ús lyts skyt. En sa grut al, seit Beppe.
Se wol witte wêr't se eartiids wenne hat, foar't se hjir wie. Der hinget in foto fan de pleats oan de muorre, dy pakt ús mem derby.
Ik ha ek sa'n âlde fint hjir op de miter jûn, seit se. Dy hie wol sa'n geouwehoer. Oan ien tried wei troch âlje. Hoe sil ik middeis sliepe at it der hjir sa freeslik om wei giet. Ik wurd der bytiden raar fan. Al binne wy froulju, wy hoege ús net op de kop sitte te litten, seit ús mem.
Beppe is har mem net, it is har soargeberntsje. Us neikommerke. En der is no fan alles mis mei.
Ik kom thús by ús heit-en-dy. Us mem stiet by it oanrjocht en sjocht nei de buorfrou dy't de wask oan it ophingjen is. Se docht de hân omheech. Ik krûp har oan en tútsje har. Hoi. Ik fiel sa wol dat se wurch is en ik fiel my ek net sa lekker.
Readerige eagen, al bin ik der duvelsk wis fan dat wy alletwa net skriemd ha. Dat dogge wy net, wy litte ús net op de kop sitte.
Wy stappe yn de auto om har deade mem te besjen. Us heit sit achter it stjoer. Sy hat my ferteld dat er mear en mear it riden oan har oerlit. Mar net at der oaren by binne.
Beppe leit yn it geboutsje fan it griene krús en mem hat de kaai yn de bûse. It moat de reade doar wêze.
Der binne trije reade doarren. Der is net iens in doar mei in oare kleur. At se my no de kaai sjen lit, kin ik sa wol sjen hokker doar wy hawwe moatte. Mar dêr komt neat fan yn, ús mem is bang dat ik har de kaai ôfpakke sil. Se is bang omdat se sa wurch is.
It is de doar yn it midden. Se makket de doar iepen en docht it ljocht oan. Heit skoot it gerdyn fansiden. Hy sjocht net yn de kiste, dêr hat er gjin sin oan. Us mem wol graach dat ik sjoch. It is myn earste lyk.
Se sjocht der raar út. Ik hie my der soksawat út in plysjeberjocht fan foarsteld, mar dit is hiel oars. Folle moaier. Har nijste jurk. In moaie jurk. Se is moai, ús mem kin tefreden wêze. Se is útsjoen en rint nei it lid dat tsjin de muorre stiet. Prachtich hout.
Us heit seit dat ik ophâlde moat fan sjen. Toe fanke, dit hat neat mei it libben te krijen, draai dy om. Mar dat kin ik net. De hannen binne fêstferzen oan it kuollid, de eagen oan har lippen. Se lykje op dy fan ús mem. Foar it earst yn myn libben liket se op har.
Us heit krijt my by de skouders beet, knypt hurder dan er wold hie. Kom, wy geane. Hup. Sy
| | | | sjocht nei my mei har lippen. Ik wit net at se my no wat sizze of wat freegje wol. Se is moai, sis ik. Se is ferlichte.
Dy jûns komt de flesse op tafel. Us mem nimt der ien, heit en ik elk trije. Wy drinke as ridders. At ik nei de weesee moat, troch de kâlde, wite gong, fernim ik dat ik swalkje. De rêch docht sear, ik swalkje en ik ha pinekop. Miskien soe ik my op de kop sitte litte moatte, soe ik gûle moatte. Mar dêr krij ik allinnich mar mear pinekop fan. It sil dizze nacht tsien graad frieze.
Ik bin wurch en gean nei myn âlde keammerke. Op it bêd leit in âld skoallefoto fan my. Fan doe't ik in jier as tsien wie. Ik laitsje mysels temjitte. Yn de djippe kast yn dit keammerke lizze de fotoboeken. Sliepe kin ik dochs net. Ik wol sjen hoe't beppe der útseach doe't se sa âld wie as ik no. Hoe't ús mem der doe útseach.
Fan beppe binne der gjin jonge foto's. Fan ús mem wol. Ik ha har lippen net. Mines binne oars.
Dan sjoch ik ynienen hoe't dy skoallefoto altyd op dizze boeken lei. Hoe't sy hjir justernacht op de râne fan dit bêd sitten hat, mei ditselde boek op de knibbels. Hoe't se dy skoallefoto even oan de kant lein hat.
Moarn sille wy beppe begrave.
|
|
|