Fan 'e redaksje
Mei yngong fan dit nûmer is Jetske Bilker út de redaksje gien. Dat muoit ús bysûnder. Jetske kaam by Trotwaer yn 1989. Yn 'e jierren dêrnei hat sy in soad bydragen levere. Dêr wienen koarte ferhalen by mar ek hat sy - suver systematysk - nij proaza besprutsen. Boppedat wie sy de lêste jierren einredakteur en dat betsjut dat sy in ûnbidich soad wurk dien hat om alle stikken print-ree te meitsjen.
Jetske is fan doel om de frije tiid dy't sy no krijt te brûken foar it skriuwen fan har twadde roman, mar sa út en troch komt der fêst noch wolris in bydrage fan har yn Trotwaer.