Trotwaer. Jaargang 23
(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdTrotwaer. Jaargang 23
auteur: [tijdschrift] Trotwaer
bron: Trotwaer. Jaargang 23. Koperatieve Utjowerij, Leeuwarden 1991
[p. 221] | |
It hurtsSkriuw ik dy in brief, wat nimt dy pinne
My min oer it papier, in dwers kûgeltsje yn tinne
Slimline, it wol net rolje, krast yn it fel
De toanen yn it wurd op bokkepoaten del.
Wat ik sizze wol, ik skriuw dy sa graach
net mear, as mearkeman of duvel, yn in flaach
Fan dûnkerte of fan sweverij, yn lûkende dize
Tusken blommen en gers of in gat fol grize
Mei geskatter fan as ingels ferklaaide fellen
Papier, it rekket mar fol mei kattebellen:
De lange dagen en moai is it waar,
Fannacht noch skynde de lampe sa raar.
It gedicht ‘It hurts’ (s. 25) komt út de fjirde fersebondel fan Jacobus Quiryn Smink, Mei beide lippen, in bondel mei fersen oer leafde, freonskip, seksualiteit, âlder-wurden en dichtsjen, mar sûnder in dúdlik tematyske ienheid. ‘It hurts’ is miskien net it moaiste gedicht út 'e bondel, mar wol komme der eleminten yn foar dy't men yn in soad oare fersen yn 'e bondel weromfine kin. Dizze eleminten: tematisearring fan it skriuwen sels, de foarm, it wurdspul en tsjinstellings, sil ik hjir oan 'e han fan ‘It hurts’ neier besjen om sa in mear gearhingjend byld fan dizze bondel te sketsen. It skriuwen, yn dit gefal fan in brief, mar ek it dichtsjen oer it algemien, leveret de ik-figuer yn ‘It hurts’ swierrichheden op om't de wurden net sa op it papier komme as de skriuwer wol, it kûgeltsje wol net rôlje en krast ‘de toanen yn it wurd op bokkepoaten del’. It skriuwproses wurdt sels pynlik neamd, ‘it hurts’. It is de dichter net mooglik om de krekte wurden te finen foar syn tinzen en fielings. Itselde sjogge wy yn it titelfers ‘Mei beide lippen’ (s. 7): ‘Wurden wurde fijannen yn 'e mûle’. Yn ien fan de aforistyske fersen oan 'e ein fan de bondel ‘No ek wer net’ (s. 38) wurdt it sa sein: | |
[p. 222] | |
‘Gean ik wol mei dy mei/ Mar ik wol eins net/ Wat ik eins wol sei/ Sa wie it no ek wer net.’ De irony yn ‘It hurts’ is lykwols, dat de earste twa strofen it probleem fan it skriuwen treflik útdrukke en dat de lêste strofe dat probleem demonstrearret. Benammen it rym - fellen/kattebellen en waar/raar - liket in wat klisjeemjittige, al te maklike fynst, in sinteklazerym. Ynhâldlik past dat minne ein by it tema, it net goed ûnder wurden bringe kinnen, mar moai is it net. It rymjen sjogge wy net allinnich yn ‘It hurts’, mar yn hast alle gedichten. Sa't wy niiskrekt seagen, is it rym net yn alle fersen goed slagge. Fral at de ynhâldlike gearhing net dúdlik is, moat men der wol wat om gnize, bg. yn de folgjende strofe (út ‘Soe har oanhelje wolle’, s. 35): ‘Wat in minne fint is myn namme,/ Ik skop de kreupele en de lamme/ krijt in klap.’ Men soe jin ôffreegje kinne, wêrom't Smink sa fêsthâldt oan rymskema's, wylst er mei metrum, ritme en opbou fan strofes tige frij omgiet. In ferklearring soe wêze kinne, dat it boartsjen mei wurden en klanken in primêre behoefte ferfollet. Dy behoefte giet werom op 'e earste libbensfaze fan it bern, at it bern begjint mei praten. It binne dan klankimitearjende wurden as papa - mama, dêr't it bern niget oan hat. It dichtsjen is yn in soad gefallen it herheljen fan dy lust. Dat sjogge wy by Oskar Pastior, Erich Fried, Ernst Jandl, Lucebert en oare 50-ers en by DADA-dichters. In gefaar fan it dominearjen fan de foarm oer de ynhâld, yn dit gefal fan rymtwang by Smink, is, dat de ynhâld fan beskate fersrigels los komt te stean. Dat is neffens my it gefal yn it hjirboppe neamde gedicht. Smink fynt yn oare gedichten sa'n lykwicht tusken foarm en ynhâld wol. Dat sjogge wy bg. yn ‘Estrikker bosk’, ien fan de moaiste fersen út Mei beide lippen (s. 22): | |
Estrikker boskTwa manlju dwale ûnder de beammen
Oer it glysterjend paad
Is dan blau, dan giel of read, neat leit oan teammen
Foar dy twa, se krije gjin hichte en gjin greep.
De iene is griis en jong soe er wol wolle
Foar it autoriden brûkt er aparte skuon sûnder fiter.
Lêst er gedichten, hy leart se út 'e holle
Jout se in wize, as jonge seach er soldaten.
De oare is jong, mar kealet ek al flink, dêrop
In man mei ambysje oan syn stap te sjen.
Dochs noch gedichten skriuwt, út 'e bline kop
Jout him in wize, as jonge seach er boeren.
Dy twa dwale ûnder de beammen fan de
Estrikker bosk;
Sy betinke in ferline en de tiid set syn tosk.
| |
[p. 223] | |
It rym bosk/tosk yn de lêste strofe stiet hjir yn tsjinst fan de ynhâld fan it gedicht. De âldere man dy't graach jong wêze wol, en de jongere man dy't âlder wurdt, kuierje troch it Estrikker bosk; wat harren nettsjinsteande de ferskillen meiïnoar ferbynt, is it ferline en (op in oar nivo) de takomst - de tosk fan 'e tiid. De beide persoanen wurde ienfâldich en sprekkend beskreaun. It boartsjen mei wurden fine wy net allinnich werom yn it rymjen, mar ek yn it oproppen fan it iene wurd troch it oare mei help fan klank of betsjutting. Ek yn ‘It hurts’ sjogge wy dêr foarbylden fan, bg. de alliterearjende g yn de sin: ‘Tusken blommen en gers of in gat fol grize’ of de i-assonânsje yn de earste en twadde rigel ‘wat nimt de pinne/ my min oer it papier’. Sterker noch as dizze klankassosjaasjes binne de assosaasjes dy't troch de betsjutting fan 'e wurden oproppen wurde. Sa foarmje bokkepoaten - duvel - dûnkerte - sweverij - lûkende dize - gat fol grize in semantyske ienheid, in reade tried troch it gedicht. Yn it fers ‘Lis ik op de lûken’ (s. 32) soargje wetter en wyn derfoar dat de wurden ‘wetterbêd’ en ‘wynmolen’ in assosearre pear wurde dy't nêstinoar en trochinoar de ynhâld fan it gedicht bepale. It titelfers ‘Mei beide lippen’ boartet tige kreatyf mei mearke-eleminten. Njonken dizze semantyske ienheid springe yn gâns fersen tsjinstellings tige yn it each. It giet dêrby om ‘mearkeman of duvel’ en ‘blommen en gers’ foar ‘in gat fol grize’ oer (‘It hurts’), jong en âld (‘Estrikker bosk’), in sitten of in gean (‘Ik gean’) (s. 13) en nochalris om de tsjinstelling tusken dei en nacht. | |
Dagen en nachtenDagen binne der, dat ik mar wat stean
Te gnizen tsjin elkenien, yn in skyn
Fan gelok en elkenien skriist tebek.
Nachten, dat ik swit en swart oerein flean
Te triljen as in apekop, wyld fernyn
Tsjin de traljes en ik laitsje my lek.
It motto fan Smink syn eardere bondel Apàrte fersen út 1983 is: ‘Myn tinzen binne sibbe/ oan finzenissen/ in skaad fan traljes/ falt oer myn wurk/ dat stal krijt/ yn wurden en bekentenissen’. Yn Mei beide lippen liket it der soms op, dat Smink in finzene fan 'e wurden, fan troch himsels opleine rymskema's is. Syn fersen soene yn guon gefallen better rinne, as hy frijer mei de foarm omgean soe. Oan 'e oare kant hat Smink it fermogen om kreatyf mei taal te boartsjen. Dat makket syn fersen fris en boartlik, benammen wannear't foarm en ynhâld byinoar hearre. De ynhâld fan de fersen is persoanlik - de fersen binne bekentenissen - en is yn guon gefallen wat filosofysk. Dy filosofy hat net folle om 'e | |
[p. 224] | |
hakken. De fjouwer lêste gedichten binne aforismen dy't it nivo fan fernimstigens amper helje. Wol goed slagge is it frisse en persoanlike gedicht ‘Tinne man’ (s. 19). De bondel as gehiel hat de lêzer spannende, orizjinele en frisse poëzy te bieden. Allinnich de foarkant al is om te tútsjen (mei in lipstick-ôfdruk fan de auteur sels). Grif net alle, mar dochs de measte fersen fertsjinje wat my oangiet, sa'n waarm ûnthaal. |
|