|
| |
| | | |
Margryt Poortstra
oarsprong
fan kâld, ynholden ljocht
de loft is strang beferzen
sinnestrielen troch de tiid
en de iepenskuorde ierde ticht
| | | | | |
| | | |
nijbou
nei in kreas útgroeven feart
betinke memmen har ferwar
se boartsje springe troch de tiid
se twinge beammen út 'e grûn
en tekenje de leechte fol
mei grien en feilich skaad en lijte
| |
| | | |
alle dagen
ik rin noch oan de ankels ta
en mei de holle fol mei triennen
ferjit ús net roppe de fûgels
tsjotterje my de dei mar yn
sasto hjir oan myn bêd stiest
mei lichte fuotten yn it ljocht
en sil ik moedich laitsje
| |
| | | |
de mem
oars gjin dekôr as ljocht en romte
as it núnderjen fan in ûnwennich liet
mei it hier ûnder in sjaal
mei beide fûsten stampt se
dy't letter as de ûnrêst -
besykje om de wyn ûnder de line
| | | |
sizze dat it iten klear is
en dat it tiid wurdt om op bêd te gean
en dan de eagen ticht en sliepe
de wierheid is in âlde lape
mei toutsjes fêstbûn om de mul
|
|
|