Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 215] [p. 215] Margryt Poortstra oarsprong de moanne is in bal fan kâld, ynholden ljocht de loft is strang beferzen as ik bang omheech sjoch seisto blaas mar, blaas dyn namme is de sudewyn aanst glydzje as yn swiete dreamen sinnestrielen troch de tiid wier wy sille wille meitsje mei dit bern. muzyk wy sille lieten sjonge laitsje as de nacht foarby is it bloed bestjurre en de iepenskuorde ierde ticht as fan it razen neat mear oer is as in fier fuortstjerrend lûd [pagina 216] [p. 216] dan wurdt it waarm en sille wy wer wille meitsje en muzyk [pagina 217] [p. 217] nijbou in park yn it swart mei rjochte spoaren nei in kreas útgroeven feart brêgen dy't neat mei neat ferbine as pingpongballen ketst it bernelûd tusken de keale muorren de strjitten wegerje beskûl gearspannend sige ljocht en wyn troch iepen stegen en achter glês betinke memmen har ferwar se boartsje springe troch de tiid se twinge beammen út 'e grûn en tekenje de leechte fol mei grien en feilich skaad en lijte [pagina 218] [p. 218] alle dagen ik rin noch oan de ankels ta yn it wiete sân en mei de holle fol mei triennen kin ik net prate ferjit ús net roppe de fûgels en ik knik: ja, ja tsjotterje my de dei mar yn sasto hjir oan myn bêd stiest en my mei hoeden skokjes yn it libben lûkst ik kom aanst rin ik wer mei lichte fuotten yn it ljocht en sil ik moedich laitsje om dyn bange dreamen dyn bôle snij ik kreas yn fjouwerkante blokjes ik skink dy molke yn [pagina 219] [p. 219] de mem oars gjin dekôr as ljocht en romte en gjin muzyk as it núnderjen fan in ûnwennich liet se wachtet: aanst en alle dagen komt har soan werom de moaiste mem is sy mei it hier ûnder in sjaal en it swittende gesicht yn de sabeare stoom boppe de tobbe mei beide fûsten stampt se yn 'e klean dy't letter as de ûnrêst - skonken fan in bern besykje om de wyn ûnder de line wei te skoppen [pagina 220] [p. 220] se wol him roppe sizze dat it iten klear is dat de sinne ûndergiet en dat it tiid wurdt om op bêd te gean noch ien ferhaal en dan de eagen ticht en sliepe de wierheid is in âlde lape mei toutsjes fêstbûn om de mul in slim ferwosken skelk Vorige Volgende