biet; it Noarden. Saakje leart dêr omstean en sprekt har heit en mem der faak yn stilte op oan dat se har sa'n bytsje op it hurde libben taret hawwe. (Mar wa waard no al yn 'e jierren tritich yn in rêstich stil doarpke op it hurde libben taret?) Se is bliid as se nei it mear befolke suden yn Toronto ferhúzje kinne. Hotze krijt dêr in moaie baan by in man dy't Saakje om ien of oare reden bekend foarkomt. It is de buormanferrieder fan eartiids. Se seit it tsjin Hotze en giet der daliks mar fanút dat Hotze syn baan wer opsizze sil, mar dy wol dêr neat fan witte. Se kin net mei de leagen libje, se wynt har wei foar alle offisjele en sosjale gelegenheden en it houlik rint dêrom op 'e klippen. Saakje hat in iensume striid, yn Kanada kin se har ferhaal net kwyt, de sûnden fan 'e besetting telle hjir net. En wa sil har leauwe as se seit dat dizze Lloyd Haverley yn werklikheid in lânferrieder wie yn it fiere Nederlân? Se skiede as Hotze in oare frou tsjin it liif rint. Saakje ferhuzet dan mei de trije bern nei in behypliker wente.
Yn haadstik 3 komt men as lêzer te witten dat it Saakje fan 68 jier is, dy't dit opskriuwt. Se is der mei in camper útknypt. De reden fan it skriuwen is dat hja krektlyn in âld Kanadeesk militêr moete hat dy't yn 'e jierren fjirtich yn Europa fochten hat. Allinne oan Saakje koed er nei al dy tiid syn ferhaal kwyt. En Saakje hat al dy jierren mei itselde euvel sitten: yn Kanada koe hja har ferhaal oer de oarloch net kwyt. Kanada hie noait yn oarloch west. As hja har ferhaal - har priveeoarloch yn 'e jierren dêrnei - dwaan sil oan de militêr, bliuwt hy op dy bewuste dei wei en komt ek net wer. Flak foar dy tiid hat Saakje har ôffrege wat se sa nedich mei har ferhaal oan 'e militêr berikke wol? ‘Om rjochtfeardiging? Om immen dy't seit: “Jo stiene yn jo rjocht, jo gedrach begryp ik alhiel, jo koenen net oars, bravo”.’ (s. 156). Om't de militêr weibliuwt, hat se skriften kocht om it ferhaal op te skriuwen en oan 'e ein fan it earste part stiet dat se dat foar har bern docht. Se wol útlizze wat har beweechd hat om fan harren heit te skieden. Dit hat foar de bern noait dúdlik west en foaral de jongste dochter Janet hat der swier ûnder te lijen hân.
As de fiif dagen yn 'e camper foarby binne, hat se it foarste part fan har libben beskreaun, dat foar har bern bedoeld wie. Dêrnei skriuwt se fierder, foar wa is net dúdlik, want it ôfslutend part foar har bern hat dan al west. De ynhâld fan dat twadde stik giet oer de gefolgen fan har stap en dan foaral oer de swierrichheden fan har dochter Janet, dy't, sa wurdt suggerearre, altyd in sterke heitehân mist hat. Har beide âldste bern, Beverley en John, hawwe de