Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 203] [p. 203] Harmen Wind Op 'e rêch sjoen I Ik bin dy oer, do my foarby. Sljocht op dyn eagen en dyn mûle rin ik in rêch en skouders nei. Om barren read en swart yn it lantearneljocht wurdst yn in omsjoch ta ferdwinen brocht. II Ferbeane tiid. Ik, dyn ferline, rin tusken passanten, hûnen op 'e hazze, efterhelle print. Sekerst in amerijke op 'e brêge en krijst wer gong, as soe wa't wachtet him net yn wat komt ferlieze. Do hast my yn myn jeien fong. [pagina 204] [p. 204] III Wy makken, elkoar wurd foar wurd ûntwikend, de meneuvels fan it lok, diene ferstean dea mei in tút, wy dûnsen om inoarren hinne en klaaiden ús bytiden sinleas oan en út. IV Dyn lichem, as in blyn gesicht ôfwêzich ta de leafde keard koe my net mear ferneare. Op 't lêst begûnst, de eagen ticht, it lekken op te tearen. Myn hân, tyspeljend mei de kaai, skeinde dy yn dyn eare. [pagina 205] [p. 205] V Se hie te gean, ik liet har takomst kâld. De grinzen fan har liif gûlden om myn tekoarten. Myn hanneljen te sleau, myn leauwe fierste lyts. Ik seach har nei troch finsterglês, myn folgjen koe net oars as har weromsjen wêze. VI It barren kin de wierheid net berinne. Do bliuwst oer yn in frjemd gebiet. Op ienheech bûcht in frou har lokkebrea foar 't ljocht, draaioargelfertriet waait út in steech, in toerklok slacht syn slaggen om 'e nocht. Vorige Volgende