Mar wat is in Bundel winlik? En kin it hifkjen fan poëzij lyksteld wurden mei in beskriuwing fan hoe't in bundel op in beskaat yndividu ‘oerkomt’?
In Bundel is yn it maklik werkenber gros fan 'e gefallen in hiel tafallige gearfoeging fan gedichten dy't de opsteller yn in beskate perioade produsearre hat.
Meastal kediist de dichter sels hokker gedichten at yn hokker folchoarder en yn hokfoar Skiften gearbrocht wurde sille, hoewol't der noch gjin kritikus west hat dy't in dichter it fermogen om syn eigen wurk te beoardieljen ynskikt hat, - ja, hy rjochtfeardiget syn eigen optreden troch dat ûnfermogen te synjalearjen.
Yn 'e mande mei útjouwer, layoutman, yllustrator wurdt dan in poarsje ferrifelderij ûndernommen om de bundel ta in objekt fan Needsaaklike Ienheid te meitsjen. It soarte papier, it lettertype, it komyske skifte-gedoch, alles moat der ta bydrage om de skyn fan in ienmalich projekt ‘aus einem Guss’ te befêstigjen. De bundel kriget selsstannich bestean mei in titel, in Efterflap dêr't yn grouwélige klisjees Libben, Wurk en Ynspiraasje fan 'e dichter ûnder ien en itselde beflapt wurdt.
Fan 'e weromstuit wurdt fan de dichter in persoan makke fan in hast boppeminsklike konstistinsje. De Ienheid fan de bundel wjerspegelet de Ienheid fan de dichter, - dizze earme wanhopige omstipper dy't oansjen moat hoe't feiten út syn libbensrin, dy't him sa faak it dichtsjen ûnmooglik makken, troch it publyk as wichtichst betingst foar it ûntjaan fan syn Talint beskôge wurde.
De nijste gedichtebundel fan Jelle Kaspersma fertoant alle karakteristiken fan sa'n tafallige gearfoeging, wat fansels noch gjin beoardieling ynhâldt fan de ôfsûnderlike, dêryn publisearre gedichten. Allinne fan it Gedicht yn 'e wiere sin fan it wurd kin sein wurde dat it Skreaun is en hoewol't it ek út parten bestiet - wurden, sinnen, rigels, strofen ensfh. - jildt allinne foar it gedicht, en net foar de bundel, dat har ienheid wollen, sjoen, ynspirearre is.
Nei it lêzen fan Op de flerken jan myn tinzen soe men de nochal útienrinnende gedichten as folget typearje kinne:
A. | Gedichten basearre op waarnimmings fan it natoerbarren. |
B. | Gedichten dêr't de libbensrin fan de haadpersoan yn skôge en ferarbeide wurdt. |
C. | Gedichten dêr't de artistike ambysjes fan de skriuwer sintraal yn steane. |
Neist dizze mear ynhâldlike fariaasje falt jin ek in sykjen en útprobearjen fan foarmen op: Soms in hiele krappe, bewust útsparjende sizzing, soms in widere, nei it proaza útskaaiende taal.
De natoergedichten binne meast delslach fan tochten troch it wide wetterlân fan de kop fan Oerisel mei syn marren, fearten, reidkragen, oerflein fan gâns