Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 22] [p. 22] Oene Spoelstra Winterjûnenocht De hillige ko weidet fredich. Salang't wy noch krystfeest fiere falt it wat ta mei waar wyn en wetter. It giet ommers goed, wurdt rûnom sein. En yn 'e sompige stank fan de rein, oer it fjouwerbaans dykje nei Bethlehem, yt ik in truffel mei wodka. In minske wol wolris wat oars. Stilte. Eartiids. In mearke dy swarte nachten boppe de stêd. Myn ferlet is grienkleurich of sniewyt as it my net tefolle kostet. No ja. Moaie plaatsjes binne it wol, dy kleurige deaden yn it jieroersjoch. Se binne wat mânsk en lit samar yn ien kear in hele stêd fergean. Sa prachtich pland oan it ein fan it jier. [pagina 23] [p. 23] Moai waar by de rûs, sa waarm en skoan. Dy jonge soldaten ha der wat foar oer en litte har âlden krepearje. Foar God en heitelân docht men in soad. Sokke jongfeinten, men fynt se hjir net. En at men betinkt dat it gas ús temjitte komt en alles by 't âlde bliuwt oankommend jier, wat wol men dan noch. Salang't sokke prachtige plaatsjeboeken fleur jouwe oan it bestean, kinne wy ús better deljaan en mimerje wat. [pagina 24] [p. 24] moeting ienkear mar is it my slagge en moetsje myn geast of wie it de siele lit my har in frou neame wy fûstken hja bea my reade wyn oan wy dronken wurch fan it sykjen woe ik ta rêst komme de holle yn har skoat lizze ‘krûp net te ticht nei in krater’ sei hja ‘net alles is te bedjipjen stel dy tefreden mei de lava nim dat foar wat it is: fruchtber my tenei de moerassen’ wy swijden hoe't hja der útseach wyt ik noch krekt of net mear Vorige Volgende