Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 218] [p. 218] [Nummer 5] Cornelis van der Wal Singeliere krusing Singeliere krusing tusken aap en preester: sa bin ik yn it oanbegjin fan sinne, tongbrekkerssechjes stammerjend yn it pis- en oaljeportyk. Lykwols my wurdt tocht da 'k rûk de gearmjoksen maaitiden yn dizenige doetiid. Nee, ik kom net werom yn it bernespek dat my opbrekt, slikje leaver in bekfol takomst út it farske jiskefet, sykje leaver it dripkearske fan hope, o!, de ûnbidige gruttens fan myn Fryske geast! Lykwols ha 'k myn ferstân meast net oan tiid bûn. Wit ik it. [pagina 219] [p. 219] De geast fan 'e foarâlden Hillich firus en it bûnzjen fan in datum yn it bluoddrich weefsel dêr't ek tinken yn fuorttikke; echo fan in eiber tsjin 'e swarte sark fan dejinge dy't ienris him derby jaan soe. Fersmoarging waard ferskood troch wiskjend eachlid dat heakjen bleau; dêrnei langstme nei ferweging. Eartiids sipere de diedkrêft út it boppest fan it totempealtsje, bewetterjend de siedsjes yn in rotstún. It stjonken fan de skepper fan in neiteam, dy't de reparaasjes foar guon deaden makke, is sa stadichoan opgien yn 't ferstoarne stowen dat it foar it sizzen hat. Vorige Volgende