Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 92] [p. 92] Cornelis van der Wal Tinkwolkens Wrekjend driuwe boppe tichtslymjende kanalen fan 'e tiid de tinkwolkens. It wiffe bomwol dat faaks de ivichheid kitelet. Bryk ljocht kringt troch naden yn it tinken, twifels dûnsje stoffich yn de fjoerskerpe strielen en stjurre winsken wurde ranend wekker, sangerje atonaal mei radiumtonge. Do pystige wyn, wriuwst sleau de rêch fan ûnbewuste rotsen en har skamjende wynbrauwen fan snie en bier út fiere hite wolkens hingje slypjend oer de ivige toppen hinne. In gat yn 'e loft. [pagina 93] [p. 93] Apart En it kaam út brune flessen, dêr't de droege magen ferskronfele har finzenis yn fûnen, triennen dripten suver ûnbegryplik en hast suertsje-eftich yn de hite streamen fan it wite kjersfet. Ek boeken leine dêr te wachtsjen om it spinreach mei flammesmiters fan it witten te fertarren; muzyk fan deaden gisele skriemend troch de keamer. Bûten tikten neven tsjin de ruten en it blanke hertsje bûnze blier. Vorige Volgende