Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 147] [p. 147] Eppie Dam Dampich is de nacht Dampich is de nacht en fol tsjinstridichheden: eangstme en opteinens, huver, twifel, fjoer. Ien hielal fan net te folgjen tinzen sweeft my troch de holle yn in hieltyd wikseljende glinstering, in kâlde kermis, gleon fan ketsebaljend ljocht. It mealt my fan ferlangsten dy't in minske inkeld dreame kin, net beneame kin, mar lykwols wurd ha wol út wat er earne en te'n djipste tocht. Ik skriuw de rânen fan de krante koartsich fol: in suver net te lêzen koartskrift dat my nei it libben stiet mei poatige tentakels. Moarn sil ik myn waansin dekodearje en myn typmasine mei de gek beslaan as ik dizze nacht besward ha en werombrocht ta in helder eagenblik: in fers mei krekt deselde klearrichhyd as fan in stjer dy't út 'e gaos berne is. Vorige Volgende