Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 146] [p. 146] Geart fan der Mear Fers B:FERSEN PAGINA 4 REGEL 21 KOL 01 Invoegen aan L----!----!----!----!----!----!-------R do skriuwst, sittend foar dyn computer, wurden op it byld, en u ^ H't bits en bytes, chips en ASCII-koades groeit foar dyn eagen in gedicht, en yn it Frysk noch wol, al stiet dan ^^ Hunder op it byld: 1 SAVE + R2AKSINT3SKEAN4EINSKN5BRIEF6BLDFCE7BEGBLK8ENDBLK9BEGFIL10ENDFIL. wis, do witst wat dat betsjut, en witst hoe d ^^ Hermei om te gean, mar wat witst fan hardware en software ^^ Hof? dochs, sjoch: der groeit foar dyn eagen in gedicht! mar wat is it ferskil mei dyn earder gepiel mei poatlead en papier en gom? u ^ H't harsensellen kamen opdrachten oan sine en spier, en sjoch: der groeide foar dyn eagen in gedicht. mar wat systeem dyn harsenssellen besjoert, wat witsto d ^^ Her fan ^^ Hof? wa toetst dij yn, wa slacht dij op, wat soarget foar dyn 1SAVE + R? en wannear bisto oan dyn 10ENDFIL ta? ien ding is wis, do kinst der net om hinne: 1SAVE + R2AKSINT3SKEAN4EINSKN5BRIEF6BLDFCE7BEGBLK8ENDBLK9BEGFIL10ENDFIL B:FERSEN PAGINA 5 REGEL 14 KOL 01 Invoegen aan L----!----!----!----!----!----!-------R 't komt u ^ H't dijsels, do kinst it net ^^ Huntrinne, hjir op dit byld moat stean wat fan dijsels is. sykje de koades op, besjoch dyn COMMAND SUMMARIES. w ^^ Hes wis fan dyn CONFIGUR, besykje VERIFY. en hoopje dan dat PRINT dij wierlijk werjaan mei. «pa Vorige Volgende