Fan 'e redaksje
By wize fan útsûndering hawwe wy fan Sybe Sybesma in tige persoanlike reaksje op de lêstferskynde bondel fan Freark Dam, Yn hâlders hân, yn dit nûmer opnommen. Sybesma syn stik moat û.o. sjoen wurde as in soarte fan protest tsjin it tige systematysk hifkjen fan poëzij op basis fan eksplisyt formulearre kritearia, sa't dat yn Trotwaer bepleite is troch Willem Abma (Trotwaer, 1984-6). Dochs stelle wy as redaksje ús op it stânpunt dat by besprekken de beoardielingen ornaris better fundearre wêze moatte as no by Sybesma it gefal is. Net sasear as ‘besprek’, mar wol as persoanlik dokumint fan in foar Fryslân net ûnbelangryk dichter achten wy Sybesma syn bydrage lykwols genôch de muoite fan it publisearjen wurdich.
Nei krapoan tsien jier hat Harm Wesseling ôfskie nommen as administrateur fan de Koperative Utjowerij en sadwaande ek as administrateur fan Trotwaer. Wy sizze him tank foar al it wurk dat er foar Trotwaer út 'e wei set hat. Tenei sil de administraasje fan Trotwaer apart berêden wurde troch Anneke Boonstra-van der Schaaf. Wy hoopje - en ferwachtsje - dat it oparbeidzjen mei har like noflik ferrinne sil as mei har foargonger.
Sûnt 1 jannewaris 1985 is der in nije oerienkomst tusken de Koperative Utjowerij en de redaksje fan Trotwaer fan krêft. Yn de âlde oerienkomst stie dat Trotwaer ‘útjown wurde sil’ troch de K.U., wylst it no ‘in útjefte is’ fan de K.U. In minym ferskil, sa op it each, mar it hâldt wol yn dat de mooglikheid foar de redaksje om by in konflikt it rjocht fan útjefte oan har te lûken en nei in oare útjouwer te stappen of sels it blêd mei te nimmen yn it redaksjegrêf, no ferfallen is. De K.U. stiek en stekt jild yn it blêd en it is logysk dat dêr ek wat foaroer stean moast. De redaksje bliuwt fansels fierder ûnôfhinklik en sels ferantwurdlik foar de ynhâld fan it blêd: dat bliuwt allegearre sa as it wie.