Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 86] [p. 86] Anny de Jong Ik ken mysels Ik wol mysels yn djipsten lêze blêdzje yn wat ik wie en bin, mar by de welle fan it wêzen kom ik mysels as frjemdling tsjin. 'k Besykje 't spegelbyld te skeinen fan immen dêr't ik gjin boarch foar stean oant ik de fjoerslach wit te heinen dy't fûnket tusken ús bestean. Vorige Volgende