Anneke de Groot en Anna Hoekstra
Frouljusboekhannel ‘Sappho’
In stikje skiednis, wannear't it begûn en wêrom
Te Ljouwert is in frouljusboekhannel: ‘Sappho’ (sprek út: sapfoo). De iennichste yn en foar Fryslân.
De winkel is opset troch froulju yn 1979 en wurdt op it heden troch tolve froulju draaiende hâlden. Hja dogge dit allegearre frijwillich.
It wurk dat hja fersette bestiet út: it ynkeapjen fan boeken, tiidskriften, brosjueres, skripsjes, kaarten, posters en sieraden. Hja hâlde har dwaande mei de jildsaken (boekhâlding, jierferslaggen) de publisiteit en fansels de ferkeap yn 'e winkel.
Yn de winkel binne boeken foar, oer en troch froulju.
Rûchwei binne de boeken yn te dielen yn twa kategoryen: teory en romans. Under de teory kinst beflappe:
froulju en wurk - ûnderwiis - opfieding - polityk en skiednis - teology en spiritualiteit - wolwêzen en feministyske teoryfoarming.
Allegearre boeken dy't froulju stypje by it ferbetterjen fan harren posysje. By de romans hearre de ingelske en hollânske romans, lesbyske romans en romans fan swarte froulju.
De romans hannelje oer froulju en htte benammen harren krêft sjen.
In frouljusboekhannel te hawwen yn Fryslân betsjut foar ús dat wy ús benammen rjochtsje op de situaasje fan froulju yn Fryslân.
Om't Fryslân bestiet út in protte plâttelansgemeenten en it iepenbier ferfier faak in behindering is. fine wy it belangryk om sels de provinsje yn te gean. Yn dit ramt binne wy eltse moanne op elts regionaal kantoar fan de Stifting Frouljusemansipaasje Fryslân: te Dokkum, Snits, Frjentsjer en de Gerdyk. Regelmjittich binne wy mei diskes by aktiviteiten, organisearre troch en foar froulju yn Fryslân Ek fine wy it tige wichtich boeken te ferkeapjen skreaun troch fryske froulju en dy passe yn ús winkel.
Sa hawwe wy op it stuit de ferhalebondels fan Hylkje Goïnga en de roman ‘De Keningsfûgel’ fan Anna Hiemstra dy't koartlyn útkaam is.
Ek by de poëzy stean in pear boekjes skreaun troch fryske froulju, in pear yn it hollânsk en bondels fan Baukje Wytsma.
Op it mêd fan teory hawwe wy foaral de skripsjes wêrfan't sawat de helte