| |
| |
| |
Eppie Dam
De lêste bining
Wer in maityd dêrsto net om frege hiest.
Do hiest gjin nocht mear oan wat fûgel song.
In nije maityd: noch mear pine
fan wer in lange lege simmer,
in hjerst, in winter dan,
en by de maityd oppenij 't gefoel:
wat in bytsje doel hat dizze sirkelgong -
it minsdom ek oan heil ûnthiet,
as in sinne boppe bliedend lân.
| |
| |
| |
| |
Do hast de maityd altyd mijd,
foar it seizoen dat der op folget.
Safolle grien & giel ynienen
dy guerilla fan temûk gewaaks,
de ynfiltraasjes fan fianich ljocht -
foar dy bom guodkeape sinne
dêr't elke simmer ús mei deasmyt,
wylst de nacht yn ús fermidden húst,
fan in hast tebaarnde skuorre -
en duorret eangst in minskelibben lang,
dan is optimisme net mear opportún.
Jawis, it heil fan hegerhân,
do hellest it noch wolris oan
yn dyn gebed, de hún ferbitend
dy't dyn lippen skroeide, want:
‘Wat se ek bebloeie, God, Jo blommen,
it sil net hjoed, it sil net moarn,
ja, sil it yn der ivichhyd noch komme?’
| |
| |
| |
| |
‘Wrâld, misgun my net de dea, de simmersliep.
Der is in folle slimmer sliep
as dy't de eagen slút foar 't blikken heil -
guon gean’ blyn foar 't leedzje ûnder seil.
It is om wat de sinne mei ús docht
en wêr't hja - o, remeedzje! - mei ús hinne fljocht.
Mar is it ljocht oan dizze kant te hurdzjen, wrâld,
wylst dyn oare helte yn 'e nacht tahâldt?’
| |
| |
| |
| |
Lyksa rûn dy in twaspjalt troch it hert
fan nacht en dei ferskil: twa net
te heeljen helten dy't in skeel útfochten
op 'e grins fan it ferdraachlike.
| |
| |
| |
| |
fan goed' en kweade dagen,
dat writen net fan aksel west.
Wêr moasto mei dyn trystens,
op utersten fan rinnen wêze?
| |
| |
| |
| |
De earste kar dysto makkest, wie dyn lêste.
It gemak dêrsto dy yn 'e wannel
mei ferplakkest, kop & skouders boppe
alle twifel út, dyn ribbekast, it ûnderliif,
de hiele hannel op in fearjend ûnderstel
fan skonken foar de wyn, wie net mear as skyn.
Jage/rimme waardsto troch in langstme,
immen oars te wêzen asto wiest. Stiest/rûnst,
ûntflammest en wiest dwêste. Der woe gjin ien-
hyd yn dy rêste, en winlik wie dyn lot besegele,
alle kearen dat in nije etalaazje
it dy sûnder kamûflaazje spegele.
| |
| |
| |
| |
Dyn hannen beskrepten noch krekt efkes romte
foar de lêste siken, doesto de strik foar-
weikrigest en om in stoelknop hinne hongst.
It knoopsgat losmakke fan syn ferplichting,
settesty it skearmês op 'e strôt
as immen dy't him op in feest taret,
sa hasto dy ferstrûpt, de nije skuon
oandien, de âlde netsjes by de kachel set.
As woesto foar in folle seal oan 't wurd,
sa makkesto it knoopke fan dyn jaske fêst
en kladderest it poadium op.
De pluzen sitting fan de stoel
joech dy noch in fraksje it gefoel:
it libben is sa hurd noch net.
De lêste strik kaam foar, de strûp
mei 't tou dat dy de lêste bining joech
Doe hasto sûnder euvelmoed
dyn heil yn 'e bedelte socht, dyn omkear
finend yn it kanteljen fan poat en lining.
| |
| |
| |
| |
Efterôf en benammen as minske, sei de mienskip,
wiesto sa min noch net. Do koesty teminsten
noch bedrige fiele yn dyn bestean, út 'e rifels
en ferwyldere asto wiest, sterker noch: ferwidere,
te lider glen troch twifels oan dyn eigen striid.
Der gyng sels in ferhaal fan dy, hoedatsto dy
de lêste tiid it heil sochtst yn stillibbens,
har moedsrêst adorearrest,
de holte fan in skaal begearrest, gjin skaad
te duchten fan 'e plôkhân, dy ferlustigest
yn 'e gearhing fan elkoar befêstigjende fruchten.
| |
| |
| |
| |
| |
| |
|
|