Einbeslút
Sa ienfâldich is it; mar, sa't Willemsma dat eigen is, sit it fenyn yn 'e sturt. Syn wurk liket sa ienfâldich dat in bern it dwaan kin. Ids Willemsma is gjin byldhouwer, mar in konstrukteur. Hy ferwurket materiaal dat gjin artistike tradysje en likemin in gefoelsmjittige lading hat, of it soe al in negative lading wêze moatte. De konstrukteur set as keunstner mei heiendal neat útein. Hy brûkt meastentiids platen stiel fan sa likernôch 2000 by 500 milimeter dy't trije oant seis milimeter dik binne. De mjitteferhâlding fan de platen jout him de mooglikheid om rigen fjirdeparts foarmfarianten te betinken. In soad fan de betinksels smite lykwols gjin spannende mominten op en dêrom sketst Willemsma de mooglikheden net allinne, mar tekenet dy boppedat út en makket er modellen op skaal, ear't er foar ien fan de mooglikheden kiest en alle swiere hanlingen útfiert dy't it wurddicht sa maklik opsommet.
Ienfâldige wiskundige samlingen, meastentiids rigen, hantearret Willemsma net as normative prinsipes, mar as middels om programmatysk foarmfarianten te finen. Hy wol elemintêre metamorfoses berikke mei in stof, in materiaal, dat der op it earste each sa't it liket net ûnder te krijen is. Hy skoot, knipt en plakt (snijbrâne en laskje) de platen, waaiert se út, kantelet se en slacht se út as objekten mei in skaad of spegeling. It is in besykjen ta immaterialisearring. As konstrukteur lit er it materiaal, walst corten-stiel, yn syn wêzen, mar troch syn eigensinnige groepearring fan eleminten wit er sterke suggestjes op te roppen dy't fierder rikke as in sljochtweihinne lykwichtige konstruksje fan stielplaten.
Troch de programmatyske oanpak is it wurk fan Ids Willemsma begryplik en liket it strang en steil. Mar it karakter fan it stiel taast er net oan, sa dat it him neffens aard bûge en spanne kin. Willemsma hâldt fan it materiaal, wriuwt it yn oant der in skitterjende, donkere glâns ûntstiet. It corten-stiel lit er rustkje ta in libbene, readbrune hûd. En mei syn klompen spilet er etudes op de konstruksjes, want ek ynwindich ha de stielplaten in spanning dêr't lûd oan jûn wurde kin.
‘Dat kin ik ek wol?’
(oersetting: redaksje Trotwaer)