| |
| |
| |
[Nummer 4/5]
Josse de Haan
Einstasjon Harns
Hy stiet stil foar him del te sjen yn de tsjustere romte, ûnderdiel fan in grut kompleks earne yn in úthoeke fan de stêd. Troch de kieren fan de sletten doarren kaam sa út en troch in strieltsje ljocht at de swaailjochten fan de mânske helling dy't op it snijpunt fan de twa grutte rivieren boud wie syn skynsel draaie liet. It like oft it ljocht tsjin de muorren smiten waard. It lûd fan in pear draaiende motoaren fan de hege kranen op 'e werf soargen monotoan foar in triljend dinderjen.
Yn in hûs deunby hearde er it musykmeitsjen fan in drummer, elke jûn steefêst sa om ende by klokslach tolve oere. Ut en troch ferbruts in tûterjende auto dizze solo's fan de drummer en fan de swiere motoaren. Op it treinstasjon kamen brimstich remjend de lêste treinen binnen rinnen. Hy biet op syn tosken.
‘Godferdomme, oaren libben fûl, en hy stie hjir mar te stean wylst it hert yn syn liif draaide en skeukte sa't it nea earder dien hie’.
Hy hoaste, en prúste. In pear maten namen it oer, en in pear tellen like it oft alles wer libbe yn 'e tsjustere romte lykas eartiids. Hy lake súntsjes yn himsels, en fage stadich oer syn noas dêr't de smoargens fan jierren yn ferrustke wie. Op syn knibbels sieten noch in pear bloedspatten fan jierren lyn as wiene se dêre yn fêstbaamd. Hy hoaste foar de twadde kear en seach nei syn kammeraden lofts en rjochts fan him. Alletrije lykas hy opsletten efter de traaljes fan de foarútgong om it no mar ris moai te sizzen. Alletrije wachtsjend op de lêste deaderit nei de fyk- en houmesjines fan de steat, fan it sletten systeem.
Ynienen spatte er omheech út syn prakkesaasjes, want hy hearde it slot fan de doar, it skowen fan de meast loftse, en dêrnei spielde der in kâlde hjerstwyn oer syn holle.
‘Se komme my heljen’ wie 't earste wat er tocht. ‘Se sille my yn it meast tsjustere fan de nacht nei it abatwaar bringe dêr't de mesjines al klear steane om harren destruktyf wurk te begjinnen’.
Hy rydboske en besocht tusken de teisters fan syn eagen troch te sjen wat der barde. De kâlde wyn wie ynienen fuort. Der moast immen troch de doarren kommen wêze. Hy harke skerp mar koe neat gewaar wurde. It swit stie him ûnder de eagen, it dripte ek al yn syn eagen, it sâlte wetter
| |
| |
begûn gemien te prykjen. Mei syn smoarge bûsdoek - in nijenien hiene se net jaan wollen - prebearre hy syn eagen wer droech te krijen.
‘Men wurdt ûnwis fan dat lange wachtsjen’ tocht er.
‘Men wurdt ferdeald ûnwis troch it ferliezen fan de kontakten, troch it net mear funksjonearjen sa't men troch de jierren wend wie. Elk kontakt mei de bûtewrâld wie sa likernôch in eksamen wurden, want men miste sa njonkenlytsen de kodes dy't yn 'e moade wiene, men miste it aktuële nijs om in sljochtweihinne praatsje te meitsjen. It like op in rêsthûs foar deminte âlde minsken, want ek dy lju hospitalisearren al ridlik gau nei in moanne of wat. Sokssawat, ja, men waard ôfhinklik’.
De grize gong him oer de grauwe doe't er yn 'e fierte ynienen in stim hearde dy't ûngewoan heech en hol klonk. It moast de hichte fan it gebou wêze, mar ek de ôfstân hie wis ynfloed. Hy ferstie allinne syn eigen namme, alle oare wurden liken gearmjuksels fan letters en klanken dy't er op dat stuit net thúsbringe koe. In brij fan lûd dat stikken sloech op en yn syn holle en op syn liif. Earne koe er in lyts stikje werom fine út it ferrine, mar echt begripe wie der net by.
Hy fage syn noas skjin en wachte ôf. In oarssoartich wachtsjen as dat fan de lêste moannen. Of wie 't al wer jierren? In mislik gefoel kroep út syn liif wei omheech nei syn kiel. Trije kear slokte er omraak sa 't men mei in snelheid van 140 kilometer de oere yn in tunnel dwaan moast.
‘Kinst net wat tichterby komme?’ lústere er heas.
‘Griene Sytse’ hearde er foar de twadde kear. ‘Bisto hjirre of doarst neat te sizzen?’
Oppenij rydboske er, de stim en de klank skuorden âlde tiden iepen doe 't er noch yn syn hiele dwaan en litten foar in hûndert persint funksjonearre, en, wat mear sei, tige wurdearre waard. It moast Eise wêze, dat stie fêst.
‘Griene Sytse, neffens de listen yn 't argyf...’
‘Ho, ho’ rôp er. ‘Moast wat tichterby komme, sa kin ik dy net goed ferstean. Moatst wat fierder rinne’.
‘Griene Sytse, ik sil in pear stappen tichterby komme, mar harkje goed nei my. Sa't ik al besocht te sizzen, neffens de listen yn 't argyf fan de kommisje fan skjintme bisto hjirre mei trije maten opsletten yn 'e saneamde deadesel, de romte foar guon dy't op in stuit likwidearre wurde moatte. De karkommisje dy't dêroer kedize moast wie ienriedich yn syn oardiel. De belêsting fan jimme bestean soe te grut wurde, ek al wiene jim dan technysk en moreel noch goed yn oarder. It algemien pinsjoenfûns foar jimsoarte fan yndividuën kin it net mear opbringe. Sels bringe jim neat mear op, en dus wie de beslissing unanym: ôffiere!’
| |
| |
‘Wa bisto’ besocht Griene Sytse, om wat tiid te winnen, en te wennen oan de hurde útspraak dy't er wol hiel fier yn syn ûnbewuste ferwachte hie, mar dy't er net letterlik foar himsels formulearje doarst.
‘Wa bisto dêre yn 't tsjuster dy't my en myn maten hjir samar ynienen in alderlêste oardiel meidielt?’
‘Ik bin in freon dy't wol meilijen hat, mar jimme net besoademiterje wol mei praatsjes foar de faak. Jimme hawwe noch tolve oeren fan libjen, dêrnei is alles foarby’.
Ferheard stûke him it sykheljen, tolve oeren, dat hâlde yn dat er dizze nacht en de oare moarn noch hie om nei te tinken oer eartiids, oer himsels en oer alle fragen fan libben en dea. Kranksinnich wiene se, folslein gefoelleas.
‘En sûnt wannear wurde wy, de ferspijden, net mear fetsoenlijk heard, net mear fetsoenlik frege oer alternative oplossingen? Sûnt wannear kedize wyldfrjemde automaten en autokraten oer it bestean en netbestean?’
‘Dat wit ik net Griene Sytse, dat wit ik wier net, it is by tafal dat ik jimme saak ûnder eagen krige en mei in skok yn 'e rekken krige dat it jimme wiene oer wa't it gong’.
‘Ik wol it beslút oanfjochtsje’ hime Griene Sytse.
‘Dat is sinleas, dat is folslein sinleas, want sokke saken wurde nei in beslút foar altiten sletten. Seis wiken en ien dei nei it beslút moat de útfiering noch kontrolearre wurde troch in betroubere en loyale amtner fan de steat. Dat bin ik wurden yn dit stik fan saken. It feit dat ik hjir bin, betsjut al dat ik tsjin alle regels sûndigje, mar it bleate feit dat ik fan dy hâlde en hâld, hat my hjir hinne dreaun. Ik woe noch efkes mei dy prate, rede kin 'k dy net, dat soe myn eigen ûndergong wêze. En do soest der net mei rêden wêze’.
‘It is dochs wol in tige iensidige saak dat dejingen oer wa't besletten wurdt sels net iens yn 't stik foarkomme. Jierrenlang wurket men mei yn 't geheel, en by eintsjebeslût hat men net iens it rjocht mei te praten oer wêzen en netwêzen. Mar it wichtichste fyn ik dat men sels net kedize kin oer de wize fan likwidearjen. Dat betsjut in stik domheid, en tsjûget fan in grutte arrogânsje dy't syn wjergea net hat. Do moatst my helpe. As âld freon, ik nim oan datsto Eise bist, kinst noch ien ding foar my dwaan!’
‘Ja, hast it goed oanfield, ik bin it, Eise, mar al soe ik it wolle, ik mei èn kin dy net helpe. Boppedat, ik moat moarn bewizen fan de likwidaasje sjen litte oan de leden fan de karkommisje. Wier, it is net mooglik Griene Sytse’.
| |
| |
‘En dochs wol ik sels bepale hokker ein myn ôfskied is. As jierrenlange trouwe meiwurker ha 'k der rjocht op. Ik freegje dy as âlde freon en bekende mar ien ienfâldich ding dêrsty wier net foar hoechst te ferantwurdzjen. Jou my noch wat iten en drinken, jou my genôch foar de kommende tolve oeren as wie ik wer oan it wurk lykas de ôfrûne hast fjirtich jier. Tenk myn bealch fol en ik rêd my wol. En wat dat bewiis oanbelanget, snij my in ear ôf en lit dat de leden fan de kommisje sjen. Ien ear sil wol genôch wêze tinkt my. It oare moat ik noch in tolve oeren brûke. Help my Eise, help my yn 'e goedichheid!’
‘Do bedoelst dat ik net aktyf yn 't spier moat om dy te rêden, dy ûnderdûke litte of sa, of helpe mei emigraasje nei in oar lân?’
‘Nee, ik rêd mysels wol, mar ik wol sels bepale wat myn ein is, wat myn rêstplak wêze sil. Dat allinnich, dêr ha 'k rjocht op, sa't elkenien rjocht hat op in eigen kar yn dit stik fan saken. Dy yntimiteit mei in karkommisje him net mei bemuoie’.
‘Ik krij der gjin gedonder mei, tinkst?’
‘Nee, fansels net, in wurd in wurd, in skiednis fan in freonskip is in skiednis fan in freonskip’.
It wie efkes stil, hy hearde Eise swier sykheljen.
‘Akkoard, út in eachweid fan deselde freonskip. Hokker ear kinst eins it bêste misse?’
‘It rjochterear brûkte ik dochs hast al net, it sil wol heal ferrustke wêze, nim dat mar as bewiis foar de grutte karkommisje. En sjit no wat op, want ik ha net sa'n soad tiid mear sa'st witst’.
‘Ja, Griene Sytse, ik sil myn bêst dwaan en opsjitte. Ik hoopje datsto myn nitelige sitewaasje begrypst. Nimmen kin yn de lêste oeren rêder wurde, en noch even dit..., tige tankjewol foar de jierren frij riden en it útsjoch oer de greiden en de marren’.
‘It is wol goed ju, nim myn ear en pomp my fol mei iten en drinken. En wat hoeden graach, want myn maten ha hjir neat mei te krijen’.
Yn in omsjoch wie er doe syn ear kwyt, hy hie it hast net iens fernommen, heal ferdôve at er wie troch it moannelange wachtsjen, en benammen troch it berjocht dat er niiskrekt offisjeus krigen hie. Ek it ynladen fan iten en drinken murk er hast net, de senuwen spilen him troch de kop en makken dat er folslein oerémus wie.
Nei in healoere - it wie hast ien oere yn 'e nacht - hearde er dat de doarren wer iepen skood waarden, en diskear iepen bleauwen. De wyn boarte wer oer syn noas, kuolle him wat ôf. It ljocht fan de swaailjochten waard grutter en grutter. No wie 't saak en meitsje de maten net wekker. Dy moasten mar foar harren sels soargje. Hy gnyske súntsjes.
| |
| |
Hiel stadich kaam er yn beweging, syn eagen boarren op nachtljocht troch it tsjuster fan de bûtewiken fan de stêd. It wie stil, sa út en troch in auto, mar dêrfan hie er gjin lêst. Nei 't er de finzenis ferlitten en de lofterkant fan de stêd berikt hie, bleau er efkes stean om nei te gean hokker stratézjy de bêste wêze soe.
De haadferkearsieren soene fêst te gefaarlik wêze, in soad nachtferkear en oeral in flymjende kontrole mei de hjoeddeiske automatyske ferklikkers. It wie saak en sykje de sekundêre ieren dêr't de âlde systemen noch tapast waarden, en dêr't de measte lju om alve oere al op ien ear leine. At er faasje makke - hy rekkene mei it omriden op in foege trije hûndert kilometer - koe er krekt foar it opgean fan de sinne teplak wêze. Hy bestudearre de âld kaart dy't er noch altiten hie fan begjin oant ein, sis mar fan Maastricht oant Harns. Ja, sa soe 't moatte, it wie de iennichste mooglikheid. Gjin mins hie der wat mei te krijen, lykas de bisten socht er syn eigen rêstich en sêft plakje. It hert bûnze him yn 'e kiel, alles stie op skerp, de spanning op 'e fetten wie grut, mar slagje moast it. Stadich kaam er foar de twadde kear op gong, it moast wer wenne, mar nei in lytse tsien menúten siet er wer yn syn âlde tempo. Hjir en dêr kreake it wat, mar dat soe mei it foarbygean fan de tiid wol better wurde. Feitliken rûn alles as 't spoar. Hy glimke, swimme en reedride wiene him net ûntleard. Unwennigens waard wer rûtine.
Nei in heal oere begûn er him wat op syn gemak te fielen, it âlde ritme kaam werom, en der wie wer tiid om te tinken en de filosofearjen. It siet him heech dat er nei safolle jier as in stik skroat ôfskaft wie, dat men net yn 'e rekken hie dat it sa gefoelleas mei arbeiders omspringen op 'n djoer syn wjerslach hawwe soe. Op hokker wize koe er net krekt foar 't ferstân krije, mar it wie wol te mâl. Fjirtich jier trouwe tsjinst en dan as in âld auto weromfytst wurde yn 'e kâlde izerbult. Hy flokte en sette fan argewaasje de radio oan. Gelokkich die er it noch. Nei in setsje sykjen krige er de nachtstjoerder. In waanwize fint prate wat út syn noas, en besocht de harkers en harksters mei flauwe kul en lullige mopkes oan 't gnizen te krijen. En dêrtusken troch spile de musyk dy't neffens him net om oan te hearren wie. Allegearre gejank en gestin. Hy draaide de lûdknop wat nei lofts, syn lofterear die der sear fan.
It gong allegearre tige maklik, alles kaam him bekend foar, de seinen stiene allegeduerigen op grien en feilich, en der wie gjin kollega op 'n paad. It koe fansels net better, syn hert bûnze net mear sa hurd en tikke no mei in regelmjittige kadâns. Wat koe men eins mear winskje? Yn it ljocht fan in lytse moanne seach er bekende plakken, doarpkes en stêden, bosken en marren, rivieren en oare lânskiplik nijsgjirrige saken. Yn
| |
| |
alles skûlen neitinzen, nijsgjirrige en minder nijsgjirrige. De iene assosjaasje jage de oare.
Tsjerken, skoallen, tuorren en stasjons, alles sliepte. Hjir en dêr in nachtlampe, in ferdwaalde auto, mar dat wie 't dan ek wol sa wat. Men soe der slûch fan wurde.
Op dat stuit skrille er omheech út syn slûmerjen, want yn 'e fierte seach er it swaaien fan in read ljochtsje. It soe in warskôgingslampe wêze sa't er dy út syn ûnthâld noch wol yn 't sin bringe koe. Ut in swier yngreven automatisme wei begûn er ôf te remjen. Deun foar de oerwei stie er stil, de reade lampe bleau swaaien. In frou yn 't swart hâlde him yn har lofterhân, mei har rjochter wiisde se op in fûlreade kabriolet dy't heal op 'e raljes stean bleaun wie. De ljochten skynden fûl nei foaren, en yn it ljocht dêrfan hong ien fan de oerweipeallen heal omleech, fearre sa út en troch omheech en omleech. It seinljocht knipere mei beide de wite en de reade ljochten. Efter yn 't ljocht fan de autolampen kamen minsken stadich tichteby. De frou kaam op him ta. De reade lampe waard grutter en grutter. Wat stie him te dwaan? It hie der in soad fan dat it geheel net folslein blokkearre wie, mar al dy minsken dêr yn 'e fierte, nee, nee, dit doogde net heal. Dit wie te gefaarlik.
Heal yn panyk drukte er op in pear knoppen. De radio foel út, en sloech fuort dêrnei wer oan. No hurder en fûler. De musyk wie ferfongen troch in monotoane stim fan de nijslêzer, mar tiid om der nei de harkjen hie er net. Yn 't spegeltsje seach er dat it efter him fûl opljochte mar hy hie der op dat stuit gjin ferklearring foar, en op itselde stuit skrok er om't de frou mei de reade seinlampe ynienen by him op 'e knibbel siet. Se sette de lampe foar harren del. It fûle ljocht steurde him yn syn tinzen. Wol skeat it noch troch him hinne dat er grif op in ferkearde knop drukt hie. Ien tins spile him troch syn kop: hjir moast er fuort, dit wie hjir net mear feilich.
De doarren, it wite ljocht efter him, it reade ljocht, en dêr boppe út de stimmen en gjalpen dy't bûten tichter en tichter by kamen. De reade kabriolet like fan 't plak te kommen, en rjochte de lampen omheech, ljochtpylken yn de swarte himel. Miskien sakke de seinpeal wol nei ûnderen, mar foar syn rjochtereach seach er oan 'e uterste ein fan de spoarbeam in lichem hingjen. Wie it út de kabriolet slingere, wie it krusige troch it sjongende en razende folk dêrbûten? Hy wûn him op oer de saken dêre foar en njonken him. It skelle lûd fan de radio makke it der net letter op, mar benammen de frou op syn lofterknibbel sette him oan ta in hookstrooks hanneljen. No't de kabriolet dochs heal omheech stie, wie der fêst wat mear romte kommen.
| |
| |
‘Hjir moat ik wei’ sei er foar himsels, en hy sette de rem frij. ‘Hjir is it foar my fierste link’.
‘Do meist hjir ek net iens wêze’ sei de frou. ‘Do meist dy überhaupt net ferwege, harkje mar ris nei de radio, dan kinst presys hearre wat dy boppe de holle hinget. Do bist ôfskreaun, dyn trije maten oerlibjen, want sij wurde, museumstikken. Do hast dy sels ferdeald yn 'e fingers snijd’.
‘Bist net wiis ju, do meist hjir net iens komme, dit is folslein partikulier terrein. At de resjerzje it fernimt krigest in fikse finzenisstraf en in fikse jildboete. Dit is in plak foar heechkwalifisearre minsken’.
‘Harkje mar nei de radio, dan kinst it sels hearre’ herhelle se foar de twadde kear.
‘Radio, radio, wat radio, dy ynteressearret my net, ik haw noch in goed fjouwer oeren de tiid om sels myn eigen plak te finen. Myn eigenste eigen plak, begrypst dat goed?’
‘De radio ropt de minsken op om dy yn 'e rekken te hâlden omdatsto in gefaar bist foar elkenien dy't syn eagen ticht hat’.
‘Ik haw neat te krijen mei de minsken, want de minsken woene har net mei my ynlitte. Fjirtich jier trouwe tsjinst, en dan moat men hearre dat men ôfdien en ôftanke wurdt as in sloopripe auto’.
‘Miensto datsto oars bist as in gewoane sljochtweihinne âlde sloopauto?’
‘Ja’.
‘En wêrom at ik freegje mei? Neffens my is der gjin plak foar útsûnderingen, want yn de hjoeddeiske maatskippij spilet it yndividu gjin rol fan betsjutting’.
‘Ik haw rjocht op respekt nei safolle jierren’.
‘Harkje ris nei de radio, dy tinkt der al efkes oars oer, tinkt my’.
‘Ik haw gjin radio's nedich, ik haw genôch oan de seinen dy't feitliken ynstinktmjittich yn mysels kurven binne’.
‘Ynstinktmjittich?’
‘Ja, wat oars, nei safolle jierren is in fersin hast net mear mooglik’.
‘Se sette it leger yn, sizze se.’
‘It leger?’
‘Ja, it leger, benammen fleantugen, mar ek tenks op kritike punten sadat se dy opheine kinne. Se neame it de selsmoardreis fan in junk’.
‘Soa, in junk, wat is dat?’
‘In ferslaafde.’
‘En ik soe ferslaafd wêze? Oan wat dan yn 'e goedichheid?’
‘Dat sizze se net, mar dat is net sa swier te betinken, tinkt my.’
‘No, wat dan?’
| |
| |
Syn lêste wurden wiene al hast net mear goed te ferstean, want de loft siet ynienen fol mei lûden.
‘Stop, stop, wy wurde oanfallen’ rôp de frou. Se liet har fan syn knibbel sakje en plofte op syn skonken. Efkes wie er ôflaat fan de knoppen en it petear, doe hearde er mei syn lofterear in fyn tikjen, in pear kear efterinoar, en dêrnei in ferskriklik lawaai fan swiere motoaren. In ljochtskits skeat him foarby, en in pear tellen letter fielde er fûle pineskeuten yn syn liif.
‘Se sjitte, se sjitte’ raasde de frou. ‘Doch dy ljochten dan ek út, sa meitsje se ús yn in omsjoch hartstikke dea. Doch út dy ljochten!’
Ferheard seach er om him hinne. De beammen en de peallen skeaten foarby. De loft siet fol mei ljochtsjes, en ynienen krige er yn 'e rekken wat der eins barde. ‘Se falle my ferdomme oan mei fleantugen lykas doedestiids mei de Molukkers yn de treinen by Assen en oare plakken yn Drinte.’
Tagelyk hearde er de frou wer oer de ljochten, en op dat stuit drukte er de knopkes de oare kant út. Lokkich, alle ljochten foelen út, allinne it lampke fan de radio baarnde noch, èn de reade lampe fan de frou dêr deun foar him op syn skonken. Se hâlde him stiif fêst by de ankels.
Hommels fearre er op yn 't tsjuster. De radio herhelle oan ien tried wei deselde meidieling. Jezus Kristus, tocht er, it wurdt mar ferdealde gefaarlik. Sjittende fleantugen yn 'e loft, en in op 'e rin sketten trein. Nochris harke er nei de nijslêzer dy't as in soarte fan antwurdapparaat iderkear itselde herhelle:
‘Belangrijke mededeling: Ergens in de omgeving van Zwolle rijdt momenteel een zogenaamde spooktrein op volle snelheid richting het noorden. Het is niet precies duidelijk wat de bedoeling is en of er mensen in de trein zitten. Mocht het een kaping zijn of een overval, ook dan tast men bij de spoorwegen in het duister. Het vreemde is dat de ns geen enkele trein mist, alle voertuigen rijden, of staan in de remises van de diverse stations. Men probeert na te gaan of er een buitenlandse trein in het geding is. De inwoners van de noordelijke provincies wordt verzocht spoorwegovergangen en spoorbanen te mijden. Ook de stations in het noorden zijn momenteel verboden terrein geworden. De autoriteiten hebben de situatie in de hand ook al weet men op het ogenblik niet waar de bewuste trein is aangezien de verlichting in de trein sinds kort is gedoofd. Het zou erop kunnen wijzen dat de trein toch door een of meer kapers wordt bestuurd.’
En dêrnei begûn de nijslêzer oppenij mei it foarlêzen fan it berjocht. Hy draaide de lûdknop wat sêfter.
| |
| |
‘Der barre hjoeddedei dochs mar frjemde dingen’ sei er tsjin himsels. ‘In frjemde trein op 'e rin, hoe is it yn 'e goedichheid mooglik. In spooktrein!’ ‘Do wolst it net begripe, of do bist wier kroangek’ sei de frou ûnder op syn skonken. ‘Ik wol derút, moatst my derút litte, ik wol net deasketten wurde. Wat bist eins fan doel?’
‘Ik stap derút’ sei er resolút. ‘Wat dat oanbelanget sitst dus goed. Ik lit my net ôfmeitsje as in lamme hûn, ik nim myn eigen lot yn eigen hannen.’
‘Hearrenfean’ lies er yn it foarbygean. ‘Noch in lytse sechtich kilometer, en dan binne wy dêr't ik hinne wol.’
‘Hokker doel hast dan, at ik freegje mei?’
‘Harns’ sei er. ‘Yn Harns wol ik wêze, Harns is it lêste part fan de wrâld, dêre is ommers it libben al hast ôfstoarn, yn Harns wol ik stjerre.’
‘En ik dan? Ik haw der dochs net om frege, ik woe dy allinne mar wize op myn auto dy't heal oer de baan stie. En ynienen sprintesto fuort. Dit kinst my net oandwaan. Asto dysels ferdwaan wolst is dat dyn eigen saak, mar dan hoechsto dy noch gjin moard op 'e hals te heljen.’
Hy sette de radio wer oan en hearde dat se by Ljouwert alles ree makken om de spooktrein op te heinen. Om 'e deale, krekt no't hy der lâns moast.
Op dat stuit fielde er dat de snelheid fermindere, en dat de motor ûnregelmjittiger begûn te rinnen. Soe er dan dochs lek sketten wêze? Bliksem, gjin drinken mear, hy hie dochs te hurd riden. Yn syn dûme lulkens en spyt begûn er alle knoppen en hendels yn te drukken en oer te heljen. Der barde folslein neat. De snelheid waard minder en minder oant de motor hielendal stil foel. Sûnder lûd glied er noch in hûndert meter troch. De triennen stiene him yn de eagen doe't er op 't lêst folslein stil stie. Foar't er hielendal útdwêst wie lústere er tsjin de frou dat se der foar soargje moast dat er sa yn syn hiele hear en fear it waad ynriden wurde moast.
‘Ik wol net sloopt wurde yn dy moderne sloophuzen dy't se hygiënyske opromsintra neame’ sei er. ‘Gjin sûrstofslangen en sûrstofbrâners oan myn liif. Asjeblyft, sis my dat ta, sis my dat ta...’
Doe wie 't stil en stiene se earne yn 'e omkriten fan Grou. It wie noch pûrnacht. In lytse moanne joech hast gjin ljocht. Fleantugen skeaten fier boppe har oer de tsjustere greiden en it donkere wetter. De radio herhelle foar de safolste kear it berjocht, iderkear oanpast oan de nije sitewaasje en de nije tiid. It die bliken dat men de trein folslein út it each ferlern wie.
De frou lake wat yn harsels; logysk fansels, tocht se. It wie ommers
| |
| |
deastil, der siet gjin ferweging mear yn. Foarsichtich en stiif wurden besocht se omheech te kommen. Har skonken sliepten, mar nei in pear menúten koe se der wer gewoan op stean. Se tocht der oer nei wat har doel wêze soe, wat se feitliken no dwaan moast. Sitten bliuwe, en ôfwachtsje, mei 't gefaar dat se aansens by 't opgean fan de sinne wer oppenij begûnen mei oanfallen fan de fleantugen. Se rekke der hast fan yn panyk, en besocht de doar dêr't se deun by stie iepen te krijen. Ticht siet er, hartstikke ticht. O heare, dan sieten alle doarren fêst yn 't slot omdat de trein troch it útfallen fan de motor gjin inkelde krêft mear hie. Se rûn rimpen nei de rjochterkant, en it die bliken dat ek dy doar ticht siet. Der wie gjin milimeter ferweging yn te krijen. Ek de doar nei de reizgersôfdieling siet muorrefêst, mei in hingelslot ôfsletten notabene. De ruten, skeat it troch har hinne. De seis rútsjes soene grif te lyts wêze om der troch hinne te krûpen, en dan soe se earst noch it glês tramtearje moatte.
Ferdôve gong se sitten. De radio herhelle noch iderkear it berjocht, en wist as nijtsje te fertellen dat de trein earne tusken It Fean en Ljouwert ferdwûn wie. De reade lampe dêr't se in pear oeren lyn mei warskôgje woe, baarnde noch. Yn in refleksbeweging draaide se de pit omleech sadat it ljocht stadichwei lytser waard. Stoareagjend seach se nei bûten dêr't noch neat te ûnderskieden wie. Se koe net mear tinke, want alles like tige driigjend en gefaarlik. Wat moast der barre?
Se foel yn in lichte sliep dêr't se iderkear út wekker skrok. Doe't se foar de safolste kear de eagen iepen die, seach se lyk foar har in soldaat lyk yn 't gesicht. Hy hie in wapen yn 'e hân. Op dat stuit waarden de trije doarren tagelyk iependraaid en kamen der yn in omsjoch allegearre petten mei boaze gesichten derûnder op har ta stoarmjen. Sa like it. Der stapte ien man yn 'e kabine, hy state har oan mei in gewear. It die ferdealde sear, want it kaam krekt yn it weake fan har side. Se woe omheech springe en raze dat er syn hannen thús hâlde moast. Mar de man joech har gjin kâns.
‘Moai sitten bliuwe mefrou, Jo kinne nearne hinne, Jo binne hielendal omsingele. Lis de hannen mar efkes yn de nekke.’
Hy state har wer oan, mar se seach him netbegripend oan. Freegjend hast.
‘De hannen moai yn 'e nekke lizze mefrou, en fluch wat.’
Hy pakte har hannen en lei se efter har holle, de iene nei de oare.
‘Ja, prima mefrou, mar moai de boarsten foarút, se steane Jo goed sa moat ik sizze. Mar moai sitten bliuwe hear, want wy sjitte samar. Jo maat is ek al fûleindich besketten sa't Jo witte. Moai sitten bliuwe.’ En
| |
| |
hy joech har wer in dúst yn 't liif.
‘Au’ raasde se. ‘Bliuw fan my ôf fint, moatst dyn hannen thús hâlde.’
‘Wy arrestearje Jo mefrou, en foar arrestanten binne wy ornaris net sa leaf. En benammen net foar sokken as Jo.’
‘Arrestearje, ik wurd arrestearre?’
Se seach him ferheard en netbegripend oan.
‘Ja mefrou, foar 't kaapjen fan in trein, wolle Jo mar meikomme?’
‘Jo fersinne Jo minhear, ik haw neat kaapt. Hy woe yn Harns lizze, hy woe yn Harns útstappe en net ôftakele wurde yn in sloopsintrum. Wier, ik bin ferrifele, ik koe der net mear útkomme.’
‘Gjin praatsjes mefrou, en f'ral gjin dwylsinnich praat oer immen dy't yn Harns lizze woe. Jo binne it iennichste libbene wêzen yn dizze trein. Der is gjin hy. Jo steane ûnder swier arrest.’
‘Hy woe wier yn Harns útstappe sa't er sei.’
‘Wis mefrou, dat sil bêst, mar stappe Jo no hjir mar út. Dat fertelle Jo mar moai oan de rjochters en de abbekaten. Einstasjon Harns wurdt no einstasjon Grou foar Jo.’
Hy naam har ûnder de earmen en soalde har út de kabine wei nei bûten dêr't oaren har opfongen. Se fielde allinne noch mar pine yn hannen en fingers. Einstasjon Harns gûnze it har troch de holle. Einstasjon Harns.
|
|