Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 24] [p. 24] Geart fan der Mear XX wês in waarme weach fan leafde en spiel mij mei heech op 'e toppen fan 'e langst dat ik sjen mei fier ljocht it strân fan rêst en smyt mij dan wer hommels tûmljend del yn skomjende lichten dat ik dêrnei wer widze wurde mei op wer in weach en lit mij priuwe it sâlt fan it heech begearen lit mij drinke fan dyn see it yntsjoed drinken lit mij fiele dyn skerpe toarst fier mij op nei de waarme sinne fan dyn deadlik ljocht dyn sêfte twirren lit dy flymje wês do de wyn sijurkje mij mei in lêste weach op 't strân lit mij de ferjitnis fan wiskjend sân [pagina 25] [p. 25] XXI fan 't libben it begjin en fan myn dei, net jong, net âld, mar tiidleas beide, reau hja har yn 't bleinen harnas moarns, en bleau yn 'e wapens foar mij de lange wei fan 't iere brea nei 't wurge sliepen jûns. wat hja nachts wie en die mei 't harnas út as frou freondinne leafste fan ús heit, dat wie myn eachweid net. jeugd is in klûs, slút oare wrâlden út. mij is 't besef no kommen (mar te let) fan wat in minsk (en net allinne ‘heit’ of ‘mem’) oan winsk en wollen yn him hat, en hoe't er (lef?) fiere kimen mar ferjit. koe ik jo? - yn myn wrâld fan ferskil, myn kant de kleau? Vorige Volgende