Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 22] [p. 22] Bartle Laverman Yn 'e stêd sjen rin ik yn jim strjitten en sabear dat ik net skrik ratteljen, piipjende en geknipper triuw ik my de mûle fol om net te razen rin efter ien oan om yn jim ritme te bliuwen mar hieltiten yn oktober as it waar werom komt en syn kletterjende plicht docht de groeden nei myn griene eilân fol rinne mimerje ik weisopjend oer jim strjitten fêste grûn ûnder de fuotten lichtfuottichheid nim ik in hap út it wurdboek en mei de frjemde smaak fan jim taal op 'e tonge kom ik wer [pagina 23] [p. 23] Sa frysk niks gjin romantyk blykt ast yn dit godferlitten lân weromkomst dy kij om dy hinne: sekuer sketst en registrearre en harren masters: kreaze managers smarre allinne op toeristyske heechtijdagen stront op 'e klompen om de boer út te hingjen wat romantyk ast op sa'n skildereftich dykje ynstee fan in hûn in jonge mei in blauwe tonge tsjinkomst en dat wylst om dy hinne dochs in mannichte tuorren omheech pylkje om dy de himel te wizen en ik fiel it ek wol heare it is no jo kar dat ik hjir fyts ik fiel de rein wol dy't jo my op 'e jas smite de wyn dy't jo stjoere om my te bewarjen foar it hoal dêr't twa fette bern my ferwachtsje en in wylde frou mei helblauwe eagen fleis kôket yn in izeren pot dêr't it fjoer nea ûnder dôvet en trochtraapjend flok ik wêrom, wêrom litte jo it ta heare werom is laverman, dizze mof sa frysk Vorige Volgende