Piter Yedema
Linse yn de ûntwikkelingslannen
Oer: Piter Boersma, Skuor (roman)
Koperative Utjowerij, Boalsert 1982
Ien fan de easken dy't men oan in slagge roman stelle kin, is dat it taalgebrûk helder en dúdlik is. Helder taalgebrûk is in betingst foar de lêzer om in kenbere, herkenbere, logyske wrâld op te bouwen.
Der is lykwols in oare eask dy't mei helderheid, logika, ienfâld yn tsjinstelling liket te stean. Fan in roman wurdt in stik ferwikkeling, kompleksiteit easke, wêrtroch de lêzer twongen wurdt de tekst te ynterpreearjen en nei te gean wat it gehiel him te sizzen hat.
By de opbou fan it wrâldbyld yn de roman sil de skriuwer dernei stribje in alte grutte werkenberens tsjin te gean.
Dit liket my fral op te gean foar romans dy't in bepaald yn 'e algemiene belangstelling steand ûnderwerp tematisearje. Om in alte grutte werkenberens foar te kommen, sil de skriuwer de opbou fan it ferhaal willemoeds ûnderbrekke, ferskillende fizys op 'e saak parallel útwurkje, it betooch hieltyd mei tsjinfoarbylden fersteure. Hy sil foarkomme dat der in alte bekend boadskip oerkomt, fan it soarte: ‘Minske, erken dat de wrâld yn wêzen goed is’, mei as krityske noat byg. ‘It ferkearde op 'e wrâld feroaresto, lytse minske, dochs net’.
De skriuwer stiet foar de taak om de sn. goede fersteander, dy't it ornaris allegear fan te foaren oankommen sjocht, op 'e doele te bringen.
In protte keunstmjittige konstruksje yn 'e moderne roman liket my op dizze strategy weromfierd wurde te kinnen. It ferhaal fan Linse yn 'e ûntwikkelingslannen yn de nijste roman fan Piter Boersma, op himsels, is troch de twang om ta politike útspraken en konsekwinsjes te kommen, foar in skriuwer in pinne-optillen amper wurdich. De oertsjûgden hawwe syn ferhaal net nedich, de tsjinstanners sil er net berikke.
De bêste strategy is faaks om de mieningsfoarming oer it ferhaal sa lang mooglik út te stellen, wat liede kin ta de folsleine ûnderdrukking fan datjinge wat de skriuwer sels fan miening is.
Om oan tendinsen en boadskip te ûntkommen wurdt de moderne skriuwer twongen de rjochtlinige ferhaalfoarm te ûnderbrekken en syn omtinken bg. te jaan oan de technyk fan it fertellen. De skriuwer mei syn miening wurdt sa fier mooglik fuortkrongen. Syn plak wurdt ynnommen troch fiktive fertellers, mei autonome stânpunten en foaroardielen. De ferteller en syn hanneljen (= de fertelling) binne ûnderdiel fan de moderne roman, net allinne mear syn betingst.