Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 11] [p. 11] [Eppie Dam (vervolg)] 5 safolle bylden binne my ûntkommen troch de skreven fan 't gehûch, dat ik dit iene berne haw mei harsenkrêft en as in lêste oantins yn 'e fingers hâld ik lit har wer de wurdsjes sizze, út in fier ferline waaie se my oan: memmy memmy, nane-poppy-dwaan, nane poppy, memmy bang - sjoch har mût'le hantsje taast it my nei 't boarst? och myn leave, leave dochter, tusken dy en my binn' stille grutte oséanen, blauwe sluven fol begryp, mar ha se ea dyn eachloaits by my brocht? pastor hjir wol hawwe, ik soe bidde moatte dêr foar jim - poppy poppy, sis ik dan tsjin him, poppy hâlde, mummy mummy, en ik koesterje myn lytse leave terafim Vorige Volgende