Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 7] [p. 7] [Eppie Dam (vervolg)] 3 as woech it eigen fel my noch net swier genôch en koe 'k it samar oan 'e hûd ferneare, sa ha se lekkens oer my hinne lein en tekkens boppedat as skimeren de swarte teisters my net algeduerich as in ramt fan traaljes foar de eagen, sa ha se my besluten, as wie in bêd net finzenis genôch as wie ik noch net dea, sa ha se my hjir noch te lizzen, op stjerren nei, tsjin better witten yn, de kiste om 'e hoeke fan it doarskesyn Vorige Volgende