Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 5] [p. 5] [Eppie Dam (vervolg)] 2 in nacht foarby: as in waarme wolken tusken himel en ierde hat it bêd my droegen, flinterlichte dreamen bylâns en frij wie ik fan swiertekrêft no by ljochtskyndei moat it flesk yn 'e stegers, bombizige ruïne dy't ik bin, bang dat ûnder it rinnen de brouten my fan 'e bonken rôlje sille soe de flier him net oan my fertille? foarsichtich hifkje myn teannen it deiljocht, as ien nacht iis sa kâld en breklik Vorige Volgende