Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 3] [p. 3] Eppie Dam 1 jo kalmearjende skouderklopkes, dokter, dy hurde droege tikjes fan 'e fingers- einen, steryl yn naairinkjes stutsen, as stiene jo ynjeksjenuddels my noch altyd yn it fleis - se ha my net rekke dyn delbêdzjende wurdsjes, broeder, as fluenske topkes bomwol yn myn earen troppe: gean mar lizzen, tuike-tuike muoike moai-moai, lekker kûse mei dyn kjessens - se ha my net sêde jim sûkerskjinne hannen, achte hearen - ik wit noch hoe't se my foar it rút weitroaiken, doe't ik dêr stie te sjen hoe't twa hûntsjes it diene, sa moai yn it krekt meande gers fan it paviljoen net dat ik no noch smoarch praat útslaan - dy taal hat west en is troch jim, sljocht at jim binne nei seks mei in fatsoenlik IQ, noch nea net rjocht ferstien, mar wat ik sizze woe... bin ik sá dúdlik? Vorige Volgende