Utnoeging foar de
Trotwaer krisisgearkomste
Op sneon 15 jannewaris 1983 de middels om twa oere yn ‘It Anker’, lewâl 73 yn Ljouwert.
Foar meiwurkers, lêzers en oare belangstellenden.
It literêr tydskrift Trotwaer hat syn 14e jiergong folmakke, en mei goed fatsoen, mei men wol sizze. It is lykwols lang net wurden wat de redaksje har der yn it begjin fan foarsteld hie.
Yn in tiid dat skriuwers soms jierren wachtsje moatte op it útkommen fan in boek, soe men ferwachtsje dat just mear gebrûk makke wurdt fan de publikaasjemooglikheden fan in literêr tydskrift. Mar ek dizze jiergong kaam der eins fierstentemin yn, fral op kreatyf mêd. As men bygelyks de ynhâldsopjefte fan 1982 ris oereaget, soe men hast leauwe wolle dat der op it heden yn de Trotwaer meiwurkersrûnte noch mar ien proazaskriuwer fan nivo oer is. En dat wol ús no krekt net oan.
Mar wêr leit it him dan wol oan?
Is der gjin goed literêr klimaat (mear)?
Is der net genôch oantrún? Gjin bining?
Sit it him yn de delgong fan dizze tiid? De ferkommersjalisearring?
Stjitte wy mear skriuwers ôf as dat wy oanlûke? Hoe dan?
Moatte de redaksjoniele mesken noch minder skerp?
Of wiene de sittende redaksje gewoan net kompetint?
Fragen en gjin ein.
Fragen dy't nei alle gedachten oan de oarder komme sille op de krisisgearkomste fan Trotwaer, dêr't alle meiwurkers, lêzers en oare belangstellenden wolkom binne.
Nei in wurdmannich foarôf sil der alle romte wêze foar de oanwêzigen om te sizzen wêr't it op stiet. Sa'n kâns meie jo fansels net slûpe litte! Guon dy't net komme kinne mar al wat te sizzen hawwe, kinne dat skriftlik dwaan oan it nije redaksjeadres: It Aldlân 12, 9034 XB Marsum (Frl), meidat ien en oar dan noch foarlêzen wurde kin op de gearkomste.
In ferslach fan de diskusje en de kommintaren sille publisearre wurde yn it earste nûmer fan de nije jiergong.
De redaksje.