ús hinne. De kwaliteit fan dy wurdearringen wurdt foar in part bepaald, dêrtroch dat wy meiïnoar yn disse kultuer libje, op dit stuit, anno domini njoggentjin twaëntachtich, Nederlân, West-Europa. Om't wy net folle ha moatte fan milieufersmoarging, om ús eangst foar kearnenergy, om ús foarleafde foar de auto. Dat binne in pear fan ús ‘wurdearringen’. Mar de minske sit lêstich yn mekoar. Hoe soe oars dy stille langst by my opkomme om de wrâld te ferneatigjen, om godslesterlike taal út te sprekken ûnder de Matthäus Passion?
Myn wurdearringen en behoeften geane net allinne lâns de sosiologysk glêdstrutsen paadsjes, myn wurklikheid bestiet ek út de drift om elke kategorisearring te ûntwiken, om in langst, in emoasje te besitten sa eksklusyf, dat it sels foar de neiste meiminske ûnfoarstelber is. Dy oanstriid is elemintêr-minsklik, mar wynt wei foar elke logika, elke algemien-akseptearre noarm. Dat is ús lêste psychologyske eigenskip dy't noch net yn in persoanlikheidslear fongen is en dy't besiket om oan hokker kategorisearring ek te ûntkommen, ja dy't yn himsels twongen is om dat te dwaan.
Men soe sizze kinne, it ûntkennen fan de mooglikheid om tabûs te kategorisearjen is in wat al te maklike oplossing yn in tiid dêr't de wittenskip sa'n hege flecht nommen hat. Ek soe men it in foarm fan flechtsjen neame kinne, út eangst om it mei jinsels dwaande wêze meien ferlieze te moatten. It besykjen dat by jinsels te rie gean te sjen as eat dat fansels sprekt, makket elke wittenskiplike foarútgong ûnmooglik. Mar betsjut it finen fan it frjemdste tabû wol foarútgong foar wittenskip en kultuer? Is it net in ferkearde nijsgjirrigens, dy't jin it lêste persoanlik geheim ûntfytmanje wol?
It frjemdste tabû is as in dief yn de nacht. Men hopet him te fangen, mar hy is snoad, hy lit him noait sjen, hy wit him op it krekte momint te bergjen. It frjemdste tabû is as in frou efter in wale. Se is der en tagelyk is se der ek net. Troch har oanwêzigens fergruttet se it riedsel fan wat net te bedjipjen is, in net te befiemjen bestean. At wy sljochtwei neat fan har witte soene, soe ek dy langst net by ús opkomme om efter dy wale wei te heljen wat net te efterheljen is.
At wy it frjemdste tabû yn syn geheime wêzen litte, erkenne wy dat it net mooglik is de lêste minsklike geheimen fêst te lizzen en se dêrmei baas te wurden. Fragen as: ‘Wat is de sin fan it libben?’ ‘Wêr bestiet de minsklike geast út?’, ‘Wat is de essinsje fan it minsklik krewearjen?’, sille yn lêste ynstânsje filosofyske fraachstellings bliuwe, dêr't gjin definityf, empirysk fêststeld antwurd op mooglik is. Dêrmei jouwe wy de betreklikens fan de empiryske wittenskip ta en it foardiel dêrfan is, dat de minske ta it besef komt dat er altyd mei riedsels libje moatte sil. Dat kin beëangstigjend wêze, mar ek in stik befrijing betsjutte. Neffens Marcuse hat de wittenskip troch har eigen methoaden en techniken in wrâld