Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 339] [p. 339] Herman Heida The Bowery fannacht rûn ik dêr wer foar myn libben, en achter my dy grouwe swarte neger. gapjend nei de siken socht ik my in útwei út de dream, by de skoattele huzen lâns, it einleaze asfalt oer, yn dy dearinnende - en no by ljochtskyndei bekrûpt it my, de pine, dat ik dêr wer wêze sil fannacht Vorige Volgende