Achte Redaksje,
Yn it lêste nûmer fan Trotwaer, útkaem yn april, seit Riemersma by syn bisprek fan 'e ynhâld fan it nijste boek fan Josse de Haan, ‘dot vij de tsjinkrytyk en de diskusje yn ut olgemeen ta hillige plicht ferheffe matte’. Hwat wol Riemersma winliken? Wol er de Trotwaerlêzers oan it skriuwen sette? Is it in aprilgrap? Wol er de gek mei ús ha? Men soe tinke fan al. Hwant hwêrom oertsjûgje? Hwat oanprate? Dy fragen binne net ta de saek yn dat boekbisprek. Men kin fan tinken wol ha dat de skriuwer yn syn trageedzje mei opset sin alles weilitten hat hwat oerstallich en bykomstich is. Fan 'e bigjin oan 'e ein ta skynt it sykljocht inkeld en allinne op de twa healwize haedpersoanen. Gjin gejeuzel yn 'e franje. Dat makket krekt dat it boek him sa flot lêst. It is fierder niisgjirrich fan komposysje, to (?) melodramatysk, mar sa hâldt de skriuwer de klam fan syn drama moai yn hannen, en: tige aktueel. Gelikense sitewaesjes binne der rounom, en wurde altiid wer tomûk bioardene. Hjirre wâlje tongerwolkens gear oer twa gekken dy't sûnder útkomst op har surréalistysk eilân oerlevere binne oan it needlot. Beiden wurde fan it waer slein. En as men wol hat de trageedzje in dûbelde boaijen, hwant as it úttongere is kin de lêzer net foar it tinken weikomme dat de greatste gekken, de lju yn 'e leararekeamer en dêromtrint, en by de ûnderwiisynspeksje, yn wêzen bleaun binne, drok dwaende mei it sykjen fan in nij slachtoffer. Hwa is nou oan bar? It famke fan fjirtjin út de tredde, dat gleon is op in boike fan alve yn 'e earste en him wol alles leare wol? Of de jonge dy't nei in jier bernetichthús wer op skoalle weromkomme wol? Of de learaeres en de skoallefaem dy't op inoar falle? Of de jonge dy't tsjin de leararen op skoalle wol Nederlânsk prate wol, mar fierder tsjin alleman inkeld Maleisk? En sa
fuort hinne....
Mei groetnis jerne jimme,